Springe nei ynhâld

Amami-Ōshima

Ut Wikipedy
Amami-Ōshima
奄美大島
geografy
ûnderdiel fanAmami-eilannen
lânflagge fan Japan Japan
prefektuerKagoshima
algemien
haadstêdAmami
ynwennertal73.000 (2013)
sifers
oerflak712,35 km²
heechste puntYuwandake (694 m)
kaart
Amami-Ōshima (Kagoshima)
Amami-Ōshima

Amami Ōshima (Japansk: 奄美大島, Okinawaansk: ウーシマ, Uushima; Amami: ウシマ, Ushima), ek bekend as Amami, is it grutste eilân yn 'e Amami-arsjipel tusken Kyushu en Okinawa. It is ien fan 'e Satsunan-eilannen en Ryukyu-eilannen. It grutste plak is Amami, dat sûnt 20 maart 2006 mei de plakken Kasari, Naze en Sumiyo no de stêd Amami is. Der wenje sa’n 60.000 minsken op it eilân.

Amami.

It eilân hat in oerflak fan 712,35 km² en is bestjoerlik ferdield yn 'e stêd Amami, de stêden Tatsugō, Setouchi en de doarpen Uken en Yamato yn 'e prefektuer Kagoshima. In grut part fan it eilân wurdt ynnommen troch it Nasjonaal Park Amami Guntō. It eilân is bercheftich mei in subtropysk reinwâld, mangroves en rike koraalriffen. It hat in fochtich, waarm klimaat.

Amami Ōshima is bekend om syn endemyske (allinnich dêr foarkommende) dieresoarten. De meast ferneamde is it Amamiknyn (Pentalagus furnessi), in seldsume, primitive hazzesoarte.

Befolking en skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynwenners hawwe in eigen kultuer en taaltradysje, besibbe oan dy fan Okinawa, mei eigen folksmuzyk, dûnsen en ambachten.

It eilân wie lang part fan it Ryukyu-ryk, mar waard yn de 17e iuw ûnder it bewâld fan de Satsuma-clan fan Kyushu brocht. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie it oant 1953 ûnder Amerikaansk bestjoer, doe't it wer oan Japan oerdroegen waard.

Amamiknyn.

It eilân leit yn 'e marine ekoregio Súdlike Kuroshiostream. Yn 2021 waard Amami-Ōshima opnommen yn 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist as ûnderdiel fan 'e ynskriuwing Amami-Oshima, Tokunoshima, noardlik diel fan Okinawa en Iriomote. De fjouwer eilannen binne oanwiisd as wrâlderfgoed fanwegen harren bysûnder biodiversiteit.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amami Oshima fan Wikimedia Commons.