Springe nei ynhâld

Alphen (Noard-Brabân)

Ut Wikipedy
Alphen
Heuvelstrjitte mei tsjerketoer.
Heuvelstrjitte mei tsjerketoer.
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Alphen-Chaam
Sifers
Ynwennertal 4.415 (2024)[1]
Oar
Koördinaten 51°28' N 4°57' E
Kaart
Alphen (Noard-Brabân)
Alphen

Alphen is in doarp yn 'e gemeente Alphen-Chaam provinsje Noard-Brabân.

Alphen leit yn in gebiet dat al yn 'e prehistoarje bewenne wie. Yn 'e Romeinske tiidwie der yn de omkriten fan Alphen in wichtige heirwei tusken Nijmegen en it súdlike Gallia. Argeologyske fynsten, lykas resten fan gebouwen en brûksfoarwerpen, litte sjen dat der in Romeinske delsetting yn of tichtby Alphen wie.

't Raedthuys.

De namme "Alphen" waard foar it earst yn skriftlike boarnen yn 'e 8e of 9e iuw as "Alfna" of "Alfheim" neamd, itjinge mooglik "wente by it wetter" betsjut. Yn dy tiid wie Alphen in agraryske mienskip mei buorkerijen en wat ambachten. It hearde ûnder it gebiet fan 'e Barony fan Breda en waard troch lokale hearen bestjoerd, dy't ûnder it gesach fan 'e hearen fan Breda.

Nei de reformaasje bleau de regio roomsk, alhoewol't der in skoft protestantske dominânsje wie ûnder de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

De oan 'e hillige Willibrord wijde tsjerke fan Alphen is fan oarsprong midsiuwsk en stiet sintraal yn it doarp. Dielen fan it gebou datearje út de 14e iuw. De tsjerke waard yn 1909 ferfongen troch nijbou, mar de toer bleau. By de befrijing fan Alphen rekke de toer sa slim skansearre, dat de spits op 'e tsjerke foel. Ek it oanbuorjende kleaster en in grut tal hûzen waarden ferneatige.

Oant 1997 foarme it plak mei Riel de gemeente Alphen en Riel. Yn dat jier waard Alphen mei de doarpen Chaam en Galder yn 'e nije gemeente Alphen-Chaam opnommen, wylst it doarp Riel by de gemeente Goirle yndield waard.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Sint-Willibrordustsjerke datearret fan 'e jierren 1950 en is boud neffens it ûntwerp fan Caspar Franssen. De âldste dielen fan 'e tsjerketoer geane op 'e 14e iuw werom.
  • De eardere herfoarme tsjerke út 1820, bekend as de kapel fan Alphen, jout hjoed-de-dei ûnderdak oan it Aldheidkundich Streekmuseum Alphen. De tsjerke waard boud nei't de protestanten de katolike tsjerke werom jaan moasten oan 'e katoliken.
  • Yn 'e pestepidemy tusken 1604 en 1625 ferstoar likernôch de helte fan 'e doetiidske befolking fan it plak (500 slachtoffers). It pesttsjerkhôf waard yn 1934 troch twa pastoars werom fûn.[2]
  • Op it doarpsgebiet leit yn it boskgebiet sûdlik fan 'e buorskip Kwaalbrug in grêfheuvel mei in diameter fan 25 m út 2500 f.Kr., ien fan 'e grutste fan Noard-Brabân.[3]
Alphen, it byld Belhamel

Alphen jout alle jierren de saneamde Belhamelpriis oan 'e feriening, ynstelling of persoan dy't him foar it promoaten fan it doarp fertsjinstlik makke hat. In hamel is in kastrearre raam. Om't kastrearre ramen yn in keppel skiep rêstiger binne as oare ramen, wiene dy hiel geskikt om de keppel oan te fieren en dêrom krigen se in belle om (fandêre belhamel). Letter krige de belhamel ek de oerdrachtlike betsjutting as in oanfierder fan in opskuor. Yn it doarp stiet it byld fan in raam dat 'Belhamel' hjit.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: