Springe nei ynhâld

Alpenkrie

Ut Wikipedy
Alpenkrie
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaiberchkrieën (Pyrrhocorax)
soarte
Pyrrhocorax pyrrhocorax
Linnaeus, 1766
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae).

De 37 oant 41 sm lange fûgel hat swartblauwe fearren, reade poaten en in bûge, reade snaffel. De spanwiidte is 68 oant 80 sm en de wjukken binne frij stomp en djip fingere. Se hawwe in frij koarte, rjocht ôfsniene sturt.

Juvenilen ha in koartere brúngiele snaffel en in doffere swart fearrekleed. De poaten binne faak skier read.

De Alpenkrie ûnderskiedt him fan 'e besibbe Alpenka troch de langere reade snaffel (by juvenilen koarter en bêzje-oranje) en yn 'e flecht troch seis (yn stee fan fiif) djip fingere slachpinnen. Syn sturt is breder en koarter. De punt fan 'e wjuk komt oant de sturt, wylst dy by de Alpenka dúdlik útstekt.

Ferskillen Alpenkrie / Alpenka

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alpenkrie komt it hiele jier foar yn Noard-Afrika, West-, Sintraal- en East-Aazje en Europa, benammen yn Spanje, Portegal, Súd-Frankryk, Súd-Itaalje, Grikelân, Normandje, Ierlân en it súdwesten fan Grut-Brittanje. Dizze fûgel libbet yn berchtmes en oan rotskusten of by stienôfgravingen.

Der wurde acht ûndersoarten ûnderskieden:

De Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax) waard foar it earst beskreaun troch Carl Linnaeus yn syn tsiende edysje fan "Systema Naturae" yn 1758 as Upupa pyrrhocorax. De soarte waard yn 1771 troch Marmaduke Tunstall yn syn "Ornithologia Britannica" nei it hjoeddeiske skaai, Pyrrhocorax, ferpleatst. De skaainamme is ôflaat fan it Grykske pyrrhos ("mei in kleur as fjoer") en korax ("raven"). It ienige oare lid fan dit skaai is de Alpenka (Pyrrhocorax graculus); der binne hybriden tusken de Alpenkrie en de Alpenka bekend.

Tradisjoneel waard tocht dat de krieën (Corvus) en de kaen (Coloeus) de neiste sibben fan 'e berchkrieën wiene, mar resintere genetyske stúdzjes hawwe suggerearre dat de berchkrieën basaal binne oan in groep Aziatyske ekstersoarten (Crypsirina, Dendrocitta, Platysmurus, Temnurus), of, neffens it meast resinte ûndersyk, sels basaal binne oan 'e hiele famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alpenkrie yn 'e flecht.

De Alpenkrie is in net skouwe fûgel en maklik benei te kommen. Bûten briedtiid is de fûgel sosjaal ehn faak yn groepen te sjen. Se nêstelje by brek oan geskikte briedplakken ek yn koloanjes, somtiden tegearre mei de Alpenka. De briedgebieten fan 'e Alpenkrie binne de steile wanden yn berchtmes of steile rotskusten. It nêst wurdt op in rotsrâne of yn in nissen fan ruïnes of gebouwen boud. It lechsel bestiet út 3 oant 5 aaien.

De soarte siket it iten op 'e grûn. It dieet bestiet út wringeleaze dieren en beien. Lykas de oare soarte yn it skaai is de Alpenkrie in akrobatyske fleander. Mei grut gemak makket de alpenkrie rolbewegingen en dûzeljende dûkflechten; hy kin ek hookstrooks in folslein oare kant op fleane.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2021 rûsd op 0,85 oant 1,97 miljoen folwoeksen fûgels. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: