Allard Syperda

Ut Wikipedy
Allard Syperda
persoanlike bysûnderheden
echte namme Allard Syperda
berne 1954
berteplak Drylts
wurkpaad
aktyf as skûtsjeskipper, skipsbouwer

Allard Syperda (Drylts, 1954) is in skipsbouwer en skûtsjeskipper. Allard is de soan fan Gatse Sijperda en Akke Wildschut. Syn pake Abe hie as branjehanneler al in skûtsje fan sa’n 60 ton.

Skipsbou en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allard Syperda kocht in grut frachtskip en wat ark en lei yn Drylts mei dat spul by de Kamp, tichtby de Jànnen. Letter gie er nei Warns en yn 1984 kocht hy it tsiispakhûs yn Osingahuzen fan Nestlé Nederlân. It pakhûs waard ynrjochte as wurkplak en magazyn. In diel fan de boppeste ferdjipping waard ferboud ta wenning. Nei de oanlis fan in grutte wurkhaven yn 1987 koenen der grutte skippen oanlizze. Op de werf waarden klippers, skûtsjes en skoeners renovearre foar de doe opkommende ‘brune’ sjarterfleat. Der waarden in soad moters ynboud, mar der waarden ek wol nije lemster aken, skouwen en kotters boud. Neist de skipswerf hie Syperda in ferhierbedriuw fan platboaiems oan de Munkedyk yn De Gaastmar. Boppedat hie er in jachthaven en mei rekreaasjebungalows.

IFKS[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan syn earste skûtsjes wiene de Frouke en de Hollandia (1981-1982). Yn it earste jjier fan de IFKS (1982) sylden twa skûtsjes fan de ferhierfleat mei foar Drylts. It seilteken wie in Dryltster kogge út de Dryltster flagge. Allard sylde mei de Onderneming en syn broer Peter mei de Twee Gebroeders. Omdat de skûtsjes net goed genôch meikomme koene kocht hy yn 1983 it mânske skûtsje Boppelâns. Omdat it skûtsje mei syn 53 ton eins te grut wie, moast alle jierren ûntheffing oanfrege wurde om mei te dwaan yn de IFKS. [1] Mei Tony Brundel en in tal oare freonen kochten de beide bruorren it skûtsje de Friesland fan 43 ton fan de SKS-kommisje Haskerlân.

Allard sylde mei de Friesland fan 1985 oant 1990. Letter farde hy noch mei de skûtsjes Zorg en Vlijt (1989) en de Striidber (1990-1998 (1991-1993, IFKS). [2]Doe’t it Langwarder SKS-skûtsje De Swan fan Donia net meikomme omdat it te smel wêze soe koe ruile de kommisje Langwar yn 2001 De Jonge Jan (yn de folksmûle De Poep) fan Syperda. De ruil soe fiif jier duorje.[3] Fan 2000 oant 2002 sylde Syperda noch mei De Jonge Rienk en fan 2010 oant 2013 mei de Zeldenrust.

SKS[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 waard Syperda skipper op de it SKS-skûtsje fan It Hearrenfean, de Gerben van Manen. Hy bleau dat oant 2002 doe’t er as tredde einige yn it klassemint. Fan 2003 oant 2007 wie hy skipper op it skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer. Op dit skûtsje folge er syn broer Peter op.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: