Alkersum
| Alkersum / Aalkersem | ||
| Lokaasje gemeente Alkersum (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Föhr-Amrum | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 407 (31.12.2025)[1] | |
| Oerflak | 9,07 km² | |
| Befolkingsticht. | 45 ynw./km² | |
| Hichte | 6 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25938 | |
| Offisjele webside | ||
| www.alkersum.de | ||
| Kaart | ||
Alkersum (Noardfrysk: Aalkersem; Deensk: Alkersum) is in plak en gemeente op 'e eastlike helte fan it waadeilân Feer. Bestjoerlik leit de gemeente yn 'e Kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Föhr-Amrum.
Oars as op 'e westlike helte fan Feer, dêr't foar in part noch Noardfrysk praat wurdt, is de omgongstaal in Nedersaksysk dialekt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Feer yn 1864 ûnder Prusysk bestjoer kaam en yn 1867 ûnderdiel waard fan 'e Prusyske provinsje Sleeswyk-Holstein, hearde Alkersum ta de Kirchspielslandgemeinde St. Laurentii. By de bestjoerlike herfoarming fan 1 april 1934 waard Alkersum in selsstannige gemeente.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn augustus 2009 waard yn Alkersum it Museum Kunst der Westküste (Keunstmuseum fan 'e Westkusten) iepene. It stiet op it plak fan 'e âlde útbaterij fan Gretjen Hayen, dêr't de Dútske skilder Otto Heinrich Engel om 1900 hinne faak wie. It museum toant keunstwurken mei as tema de Noardsee en de Noardseekust. Der is wurk fan Edvard Munch, Emil Nolde, Max Liebermann en oaren te sjen.[2]
It Haus Olesen waard yn 1617 boud en is it âldste noch bewarre hûs fan it hiele eilân Feer. It stie oarspronklik yn Alkersum, mar waard yn 1927 oerbrocht nei it Friesenmuseum yn Wyk auf Föhr om it te behâlden.
- Park, op de eftergrûn it Museum Kunst der Westküste
- Museum Kunst der Westküste
- Greiden by Alkersum
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
