Springe nei ynhâld

Alita: Battle Angel

Ut Wikipedy
Alita: Battle Angel
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurRobert Rodriguez
produsintJames Cameron
Jon Landau
senarioJames Cameron
Laeta Kalogridis
basearre opGunnm fan Yukito Kishiro
kamerarezjyBill Pope
muzykJunkie XL
filmstudio20th Century Fox
Lightstorm Entertainment
Troublemaker Studios
TSG Entertainment
distribúsje20th Century Fox
spilers
haadrollenRosa Salazar
Keean Johnson
Christoph Waltz
byrollenJackie Earle Haley
Mahershala Ali
Jennifer Connelly
Ed Skrein
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre31 jannewaris 2019
foarmlangspylfilm
sjenrescience fiction-aksjefilm
taalIngelsk
spyltiid122 minuten
budget en resultaten
budget$150–200 miljoen
opbringst$405,0 miljoen
prizen1 × Satellite Award

Alita: Battle Angel is in Amerikaanske dystopyske science fiction-aksjefilm fan it subsjenre fan 'e cyberpunk. De film, dy't útkaam yn 2019, stie ûnder rezjy fan Robert Rodriguez en waard produsearre troch James Cameron. De titelrol waard troch stimaktearjen en motion-capturetechnyk fertolke troch Rosa Salazar. Oare haadrollen waarden spile troch Keean Johnson en Christoph Waltz. De titel betsjut "Alita: Kriichsingel". De film waard basearre op 'e Japanske mangasearje Gunnm fan Yukito Kishiro (dy't ek bekend stiet ûnder de ynternasjonale titel Battle Angel Alita).

It ferhaal folget Alita, in cyborg dy't yn in fiere takomst fan 'e Ierde wekker wurdt mei in nij lichem mar sûnder ûnthâld. Begelaat troch de wittenskipper dr. Dyson Ido set se útein mei it ûntdekken fan sawol har takomst as har ferline. Alita: Battle Angel krige mingde oant positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De nuvere en frij abrupte ein fan 'e film komt trochdat der ferskate ferfolgen pland wiene. De oername fan filmstudio 20th Century Fox troch konkurrint Disney yn 2019 stiek dêr lykwols in stokje foar, mei't de Disney de toan fan Alita: Battle Angel net by it eigen imago passen fûn.

Yn it jier 2563 is it trijehûndert jier lyn dat de Ierde fierhinne ferrinnewearre waard yn in oarloch dy't bekend stiet as 'de Fal'. Wylst der foartiid tsientallen swevende stêden yn 'e loft hongen, is dêr sûnt de Fal inkeld Zalem noch mar fan oer. Rjocht ûnder Zalem, op it Ierdoerflak, leit de iennichste oare oerbleaune stêd, Iron City, dêr't de rest fan 'e wrâldbefolking gearklofte is. De relaasje tusken de beide stêden is tige iensidich. It rike, wolfarrende en technologysk avansearre Zalem parasitearret foar iten en grûnstoffen op it earme, efterbleaune en efterstelde Iron City. Der bestiet ek sa goed as gjin ferkear tusken de beide stêden. Ut Iron City wei is it, op ien útsûndering nei, ûnmooglik om yn Zalem te kommen. Ut Zalem wei kin men wol nei Iron City gean, mar dan komt men nea wer werom.

Yn Iron City hat de wittenskipper dr. Dyson Ido in praktyk dêr't er cyborgs reparearrret. Foar ûnderdielen strúnt er gauris de dwinger yn it sintrum fan Iron City ôf, dêr't it ôffal út Zalem dumpt wurdt. Op in dei ûntdekt er dêre de holle en it boppeste diel fan 'e romp (mei it hert) fan in cyborg, dy't in noch yntakt minsklik ferstân hat. Ido jout de cyborg in nij lichem en neamt har 'Alita', nei syn ferstoarne dochter. Alita wurdt wekker sûnder oantinkens oan har ferline. Se nimt yn 'e húshâlding fan dr. Ido, en yn syn hert, al rillegau it lege plak yn dat syn dochter efterlitten hat.

Ien fan 'e earste kearen dat Alita bûtendoar komt, moetet se Hugo, in jongeman dy't derfan dreamt om op te farren nei Zalem. Fia Hugo komt Alita yn 'e kunde mei 'motorbal', in sport foar cyborg-gladiators wêrby't it doel is om op motorisearre rolredens mei in bal oer de finish te kommen. Om't der gjin regels binne, kinne oare meidoggers ta it uterste gean om 'e bal te bemachtigjen, net selden mei deaden ta gefolch. Yn it djipste geheim berôvje Hugo en syn maat Tanji cyborgs fan goed rinnende ûnderdielen. Dat dogge se yn opdracht fan Vector, de eigner fan it motorbaltoernoai en de de facto hearsker fan it Fabryk, dat de macht yn Iron City útoefenet. De winner fan it motorbaltoernoai is de iennichste út Iron City dy't ea opfarre mei nei Zalem, mar Vector hat Hugo wiismakke dat der foar genôch jild foar him in útsûndering makke wurde kin.

Alita moetet ek al rillegau dr. Chiren, Ido syn fan him ferfrjemde frou en de mem fan 'e oarspronklike Alita. It docht bliken dat Ido en de frou guon fan dy seldsume lju binne dy't út Zalem wei delgien binne nei Iron City, om't harren dochter oanberne lichaamlike ôfwikings hie dy't yn Zalem net akseptearre waarden. Sûnt de dea fan Alita is Chiren har iennichste libbensdoel om werom te kearen nei Zalem, en dêrta is se sawol in wurkrelaasje as in seksuele relaasje oangien mei Vector, dy't ek har ûnthjitten hat om in weromkear nei Zalem mooglik te meitsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst se bûtendoar omspaant, sjocht Alita in opspoaringsbiljet foar in ûnbekende moardner dy't al seis froulju ombrocht hat. Letter sjocht se Ido te neare nacht yn 'e hûs kommen mei in wûne oan 'e earm. As se de oare deis heart dat er dy nachts in sânde frou fermoarde is, begjint se te fermoedzjen dat Ido de dieder is. Dat wannear't er wer by nacht op 'en paad giet, folget se him ûngemurken. Se rinne yn in mûklaach fan in trio cyborg-searjemoardners dat oanfierd wurdt troch de meunstereftige Grewishka. Ido besiket Alita te ferdigenjen, mar rekket ferwûne. Dêrop giet Alita sels it gefjocht mei de searjemoardners oan, wêrby't se ynstinktyf gebrûk makket fan 'pânserkeunst', in ferlern giene kriichskeunst foar cyborgs. Alita deadet twa fan 'e trije searjemoardners en ûntnimt Grewishka ien fan syn earms, wêrnei't er de wyk nimt om him troch Chiren in nije earm oanmjitte te litten.

Neitiid leit Ido út dat er gjin moardner is, mar in 'jager-kriger', in preemjejager dy't foar dat wurk sertifisearre is troch it Fabryk. Hy siet al in hiel skoft efter it trio searjemoardners oan, dat ferantwurdlik wie foar de dea fan 'e fermoarde froulju. Yn it gefjocht binne Alita foar it earst flarden fan oantinkens tebinnen kommen, oer in fjildslach op 'e Moanne dêr't se sels oan dielnaam. Se kin der gjin tou oan fêstknoopje en hopet har mear heuge te kinnen as se har yn mear gefjochten bejout. Dêrom wol se ek jager-kriger wurde. Ido besiket dat plan lykwols te ûntmoedigjen, en Alita lit it foarearst gewurde. Koarte tiid letter giet se mei Hugo en syn freonen Tanji en Koyomi nei de woastenij bûten Iron City. Hugo-en-dy litte har in delstoart romteskip sjen út 'e Fal, dat heal ûnderwetter yn in poel leit. It is in romteskip fan 'e fijân, de Feriene Republyk Mars, mei oan board technology wêrfan't nimmen wit hoe't it wurket. Mar wannear't Alita har oan board fan it skip weaget, ûntdekt se dat sy har ynstinktyf rêde kin mei de technology. Se fynt in Martiaansk cyborglichem dat noch yntakt is en nimt dat mei werom nei de praktyk fan dr. Ido.

Ido ken it cyborglichem werom as dat fan in 'berserker'. De berserkers wiene yn 'e Fal de kommando's fan 'e fijân en de deadlikste troepen dy't ea bestien hawwe. It is no dúdlik dat Alita oarspronklik sa'n berserker wie. Se wol dat Ido har yn it cyborglichem ynstallearret, mar hy wegeret dat. Frustrearre oer wat sy as de tsjinwurking fan Ido sjocht, set Alita nei it Fabryk ta, dêr't se harsels sertifisearje lit as jager-kriger. Mei Hugo giet se neitiid nei in bar dêr't jager-krigers gearkomme om harren op te roppen in mienskiplik front te foarmjen tsjin 'e moardner Grewishka. Zapan, in tige idele cyborg-jager-kriger, hat de gek mei har en provosearret har oant se him in wan bruien jout. Dat is it startsein foar algemiene slaanderij yn 'e bar, dêr't Alita har sûnder muoite yn steande hâldt. It fjochtsjen komt pas in ein oan as dr. Ido arrivearret en mei útset lûd driget dat er ophâlde sil mei fergese reparaasjes foar oar jager-krigers as de slaanderij net fuortendaliks stoppet.

Op dat stuit ferskynt Grewishka yn 'e bar, dy't troch Chiren yn opdracht fan Vector ferskate ferbetterings oanmetten krigen hat. Hy daget Alita út ta in gefjocht, mei't er, sa fertelt er, opdracht krigen hat om har te deadzjen fan Nova, de technokratyske hearsker fan Zalem. Yn it gefjocht, dat rint fan 'e bar oant yn it rioel ûnder Iron City, wurdt Alita hindere trochdat har swakke cyborglichem net boud is foar de striid. Mei syn ferbettere meganyske ûnderdielen slacht Grewishka har har beide skonken en in earm ôf. Mar mei har oerbleaune earm wit Alita harsels nei syn gesicht te lansearjen, dêr't se dy earm yn syn rjochtereach raamt en by de earmtakke ôfbrekt. Se wurdt rêden troch de oankomst fan Ido, Hugo en de jager-kriger McTeague, ien fan waans hûnen Grewishka earder deamakke hie. Mei feriene krêften witte dyselden de ferwûne Grewishka op 'e flecht te driuwen. Troch de ferrinnewearring fan har hjoeddeistige cyborglichem is Ido neitiid twongen om Alita oer te bringen nei it berserkercyborglichem.

Underwilens is Alita smoarfereale rekke op Hugo, sasear dat se him yn in bizarre sêne letterlik har hert besiket te jaan, sadat er dat ferkeapje kin om Vector te beteljen foar syn opfarren nei Zalem. Hugo slacht har oanbod ôf, mar ûnder ynfloed fan Vector, dy't op syn beurt wer in boadskiprindersjonge foar Nova is, stelt Hugo Alita foar om har meidwaan te litten oan in try-out foar in motorbalrace. As se wint, soe it prizejild Hugo in hiel ein op 'en paad helpe. Vector soarget derfoar dat alle oare dielnimmers oan 'e try-out ûnrant mei ûnderfining op it mêd fan moardzjen binne; it is syn bedoeling dat Alita de race net oerlibje sil. Mar dr. Ido werkent de oare dielnimmers en warskôget Alita inkele mominten foar de start. De try-out rint út op in slachfjild, wêrby't Alita de iene nei de oare tsjinstanner útskeakelet, in diel permanint. Underwilens fangt Chiren in petear fan Vector op mei ien fan syn trewanten, wêryn't Vector Hugo bespot om't dy wier leaut dat Vector him nei Zalem stjoere sil. Op dat stuit beseft Chiren dat Vector hàr ek mei sa'n selde ûnthjit oan it lyntsje hâldt en dat er net fan doel is dat ûnthjit ea nei te kommen.

Troch de ferdjipping fan syn relaasje mei Alita sjocht Hugo syn eigen wjerbyld yn har ûnskuld, en hy mei net lije wat er sjocht. Hy beslút syn kriminele aktiviteiten oer te jaan, en op 'e jûn fan 'e try-out siket er Tanji op om him dat te fertellen. Tanji is op dat stuit krekt in cyborg oan it berôvjen. De beide freonen krije wurden, mar harren rûzje wurdt ûnderbrutsen troch Zapan, dy't noch altyd wrokket tsjin Alita om't se him earder yn 'e bar foar gek set hat. Hy hat besletten wraak op har te nimmen troch Hugo te deadzjen. Om dêrtroch sels net yn 'e swierrichheden te kommen, deadet Zapan de cyborg dy't it slachtoffer fan Tanji is en skoot dy moard Hugo op 'e lea. No kin Zapan, dy't ommers in sertifisearre jager-kriger is, Hugo deameitsje om't dat no ienris syn wurk is. Tanji komt Hugo te help, mar Zapan deadet him. In ferwûne Hugo flechtet troch Iron City, op 'e hakken sitten troch Zapan. Hy skillet Alita op en smeekt har om him te rêden.

Alita is op dat stuit noch dwaande mei de try-out, mar se ferlit de motorbalbaan en klearret harsels in paad troch de stêd. Dêrby wurdt se efterfolge troch har lêste trije rivalen, dy't no harren bedoeling om har te deadzjen net mear ûnder stuollen of banken stekke. Underweis troch Iron City weeft Alita mei it trio ôf. Mar as se by Hugo oankomt, set Zapan har foar it blok. Hy hat derfoar soarge dat Hugo no as moardner te boek stiet, en dat betsjut dat er deade wurde moat. Dus òf sy kin him deadzje, òf se kin oan 'e kant gean en him (Zapan) Hugo deadzje litte, ien fan beiden. Wylst Alita besiket in útwei te betinken, stekt Zapan Hugo del, dy't deadlik ferwûne in tsjerkegebou yn flechtet. Alita giet him efternei wylst in triomfantlike Zapan de iennichste doar bewekket. Yn 'e tsjerke moetet Alita Chiren wer, dy't har helpt om it libben fan Hugo te rêden troch syn ûntlicheme holle te ferbinen mei it meganyske systeem dat Alita har cyborglichem ûnderstipet. Wannear't Alita letter mei de holle fan Hugo ta de tsjerke út komt, akseptearje de gearklofte robots fan it Fabryk dat se har taak as jager-kriger om Hugo te deadzjen folbrocht hat troch him te ûnthalzjen. Zapan hat har lykwols troch en besiket har tsjin te hâlden, mar Alita makket him syn dierbere damaststielene swurd ôfhandich en slacht him dêrmei syn gesicht ôf.

Neitiid ferbynt dr. Ido de holle fan Hugo mei in eigen cyborglichem. Hy fertelt Alita dat it ûnthjit fan Vector om Hugo nei Zalem te stjoeren in leagen wie. As in eardere boarger fan Zalem wit hy as gjin oar dat de iennichste dy't út Iron City wei ea Zalem berikt de kampioen fan it motorbaltoernoai is. Underwilens makket Chiren oan Vector har beslút bekend om sawol harren seksuele relaasje as harren wurkrelaasje te ferbrekken. Dat is in flater, mei't Vector har net gean lit. Alita, dy't no foar it ferstân hat dat Vector by de try-out besocht hat om har fermoardzje te litten, bestoarmet it Fabryk en makket koarte metten mei de robots dy't Vector foar befeiliging brûkt. Se kringt syn kantoar binnen en bedriget him om al syn bedroch oan it ljocht te bringen. Vector lit har sjen dat Chiren no inkeld noch bestiet yn 'e foarm fan in koffer fol rispe organen. Hy hâldt har foar dat er altyd syn ûnthjitten neikomt om lju nei Zalem te stjoeren, en dat er nea ûnthjitten hat dat immen dêr libben en wol arrivearje sil. Alita wurdt fan efteren oanfallen troch Grewishka, dy't har ferwûnet. Mar de ferlern giene nanotechnology yn it berserkercyborglichem reparearret de skea al rillegau wer, en dêrnei deadet Alita Grewishka sûnder folle muoite. Se twingt Nova dy't fia syn marionetten de ferrjochtings yn Iron City goed yn 'e rekken hâldt, om mei de mûle fan Vector te praten. Wannear't er deadsbedrigings uteret tsjin har freonen, stekt se Vector dea.

Werom yn 'e praktyk fan dr. Ido ûntdekt Alita dat dêr hûssiking dien is troch jager-krigers op 'e siik nei Hugo, fan wa't no bekend is dat er noch libbet. Hugo is mei syn nije cyborglichem ta de efterdoar útflechte, wisberet om Zalem te berikken. Dat besiket er te dwaan troch nei boppen te klimmen oer de reuseftige buis, dêr't guod út Iron City wei troch oanfierd wurdt nei de swevende stêd. Alita wit út flarden fan oantinkens dat de Martiaanske troepen dat yn 'e Fal ek besocht hawwe, mei desastreuze gefolgen. Se set efter Hugo oan, dy't al oant boppe de wolkens klommen is, en hellet him yn. Se smeekt him om mei har werom te kommen, en hy jout úteinlik ta. Mar Nova lit in kartele ferdigeningsring oer de buis nei ûnderen ta glydzje. Wannear't Hugo oer it ding hinne besiket te springen, wurde beide skonken en in earm ôfhoud, wylst syn oerbleaune earm skansearre rekket. Hy glidet fan 'e buis ôf, en Alita, dy't de ferdigeningsring ûntwykt hat, wit him krekt op it lêste momint by de earm te pakken. De skansearre earm kin syn gewicht lykwols net drage en skuort stadichoan hielendal ôf. Hugo hat noch de tiid om Alita te betankjen dat se him rêden hat (fan syn kriminele bestean, bedoelt er), ear't de earm hielendal loskomt en hy yn 'e djipte en, nei't men oannimme mei, úteinlik te pletter falt.

In healjier letter is Alita de opkommende stjer fan it motorbaltoernoai. Se leit op koers om kampioen te wurden. Wylst se tajûchheid wurdt troch in útsinnige mannichte, lûkt se har damaststielene swurd en wiist dêrmei nei Zalem, by wize fan oankundiging fan har wraak. Yn Zalem hâldt Nova har mei in fierrekiker yn 'e gaten en gnysket smeulsk.

Rosa Salazar.
Keean Johnson.
Christoph Waltz.
haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
Alita / 99 Rosa Salazar (stim & motion-capture)
Hugo Keean Johnson
dr. Dyson Ido Christoph Waltz


byrollen
personaazje akteur/aktrise                       
Grewishka Jackie Earle Haley
Vector Mahershala Ali
dr. Chiren Ido Jennifer Connelly
Zapan Ed Skrein
Tanji Jorge Lendeborg jr.
Koyomi Lana Condor
ferpleechster Gerhad Idara Victor
McTeague Jeff Fahey
Nyssiana Eiza González
Romo Derek Mears
Kinuba Leonard Wu
Clive Lee Rick Yune
Amok Casper Van Dien
Screwhead Elle LaMont
Gelda Michelle Rodriguez
Jashugan Jai Courtney (cameo)
Nova Edward Norton (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske mangasearje Gunnm (ek bekend ûnder de ynternasjonale titel Battle Angel Alita) fan Yukito Kishiro waard oarspronklik ûnder de oandacht brocht fan 'e Amerikaanske filmprodusint James Cameron troch regisseur Guillermo del Toro. Cameron rekke fuortendaliks yn 'e ban fan it konsept en liet troch filmstudio 20th Century Fox al yn juny 2000 de domeinnamme BattleAngelAlita.com yn syn namme registrearje. Yn april 2003 waard troch Cameron en 20th Century Fox de produksje fan Alita: Battle Angel formeel oankundige. Mar it projekt rekke op 'e eftergrûn troch Cameron syn wurk oan 'e film Avatar (2009) en de ferfolgen dêrop.

Filmprodusint James Cameron.

Nei jierren dat de ûntwikkeling fan Alita: Battle Angel folslein fêstsitten hie, waard yn april 2016 bekendmakke dat Robert Rodriguez as regisseur foar de film oanlutsen wie. Datselde jiers noch gie de produksje fan start. Rodriguez wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Cameron en Laeta Kalogridis. De film waard produsearre troch Cameron en Jon Landau foar de filmstudio's 20th Century Fox, Lightstorm Entertainment, Troublemaker Studios en TSG Entertainment. Foar it projekt wie in budget beskikber fan $150–200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Nederlânske muzikant Tom Holkenborg, better bekend as Junkie XL. In ûnderdiel an 'e soundtrack wie it liet Swan Song, dat songen waard troch de Abaneesk-Ingelske sjongster Dua Lipa.

De opnamen foar Alita: Battle Angel setten op 17 oktober 2016 útein en duorren oant en mei 9 febrewaris 2017. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn it studiokompleks fan 'e Troublemaker Studios fan regisseur Robert Rodriguez yn Austin. Yn 'e postproduksjefaze waarden special effects tafoege dy't makke wiene troch Weta Digital, DNEG en Framestore. In grut diel fan 'e special effects hie te krijen mei it gesicht fan haadpersoan Alita. Dat waard wol basearre op it antlit fan aktrise Rosa Salazar, dy't Alita spile, mar it is dochs dúdlik net minsklik, mei bgl. fierstente grutte eagen. Salazar fertolke de rol fan Alita troch motion-capturetechniken en stimaktearjen.

Yn in fraachpetear yn febrewaris 2019 ferklapte filmprodusint James Cameron dat de lokaasje fan Zalem/Iron City eins Panama-Stêd wie. Hy lei út dat de swevende stêd Zalem eins hielendal net sweeft, mar oan in romtelift hinget, wat natuerkundich inkeld mooglik wêze soe op of deunby de evener. Fanwegen de keazen lokaasje wie Iron City ûntwurpen mei Latynsk-Amerikaanske arsjitektuer en Spaansktalige ferkearsbuorden en oare beweiwizering.

Regisseur Robert Rodriguez.

De distribúsje fan Alita: Battle Angel waard fersoarge troch 20th Century Fox. It wie eins de alderlêste film dy't troch Fox útbrocht waard foar't de studio begjin 2019 oernommen waard troch konkurrint Disney. Alita: Battle Angel gie op 31 jannewaris 2019 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 14 febrewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 15 febrewaris 2019 by platemaatskippij Milan Records. Alita: Battle Angel kaam op 9 july 2019 beskikber as digitale download en waard op 23 july fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Alita: Battle Angel mingde oant positive resinsjes. Op 'e webside IndieWire parte Michael Nordine de film in 81/2 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy fûn it de bêste film fan regisseur Robert Rodriguez sûnt Sin City (2005) en omskreau it as "in science fiction-epos dat wat seldsums docht yn in tiidrek fan remakes en reboots sûnder ein: it makket syn potinsjeel wier en soarget derfoar dat jin sin oan mear krije." Guy Lodge fan it tydskrift Variety wie kritysker oer de film, dy't er "tizerich" fûn, ek al hied er lof foar it doel dat Rodriguez neistribbe. Hy skreau: "Dit op in manga basearre cyberpunk-oarsprongsferhaal is in frij knaphandige showcase foar special effects, mar it giet te sink oan in langtrieddige, sieloanfrettende Frankensteinplot dy't koartslút eltse kear as er yn beweging komt."

Monica Castille fan 'e webside RogerEbert.com parte oan Alita: Battle Angel 21/2 fan 4 stjerren ta. Se wie it mei Lodge iens dat it ferhaal "hobbelich" wie, mar neffens har wie de "fisuele goudmyn" dy't fan 'e film makke wie, genôch om dêroerhinne te kommen. Ek Emily Yoshida fan it blêd New York wie kritysk oer guon aspekten fan 'e film, mar fûn it gehiel dochs ynnimlik en priizge benammen de aktearprestaasje fan haadrolspylster Rosa Salazar. Se skreau: "De iennichste reden dat hjir ek mar in lyts bytsje fan wurket is Salazar en, ik wol it leaver net sizze, dy godferdomd grutte eagen. Dy foarmje ommers de finsters fan 'e siel, en fan besieling hat dizze logge, strompeljende cyborg fan in mooglike kaskreaker mear as dat men op it earste gesicht tinke soe."

Alita: Battle Angel draait yn in bioskoop yn Tokio.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Alita: Battle Angel in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 331 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It ferhaal fan [dizze film] moat bodzje om 'e special effects by te hâlden, mar fans fan futuristyske science fiction-aksje komme noch skoan oan har gerak." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Alita: Battle Angel in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 49 resinsjes.

Alita: Battle Angel brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $85,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $319,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $405,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150–200 miljoen betsjut dat in winst fan $205–255 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Alita: Battle Angel waard yn septimber 2019 by de Saturn Awards nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste science fiction-film. By de Satellite Awards waard de film yn desimber 2019 nominearre yn trije kategoryen, wêrûnder bêste animaasjefilm of film mei mingde media en bêste oarspronklike liet (Swan Song fan Dua Lipa en Junkie XL). De film wûn de Satellite Award foar bêste special effects. Alita: Battle Angel waard ek nominearre foar de Annie Award foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionproduksje.

De Nederlânske muzikant Tom Holkenborg, better bekend as Junkie XL, makke de filmmuzyk foar Alita: Battle Angel.

Produsint James Cameron en regisseur Robert Rodriguez hawwe suggerearre dat it oarspronklik de bedoeling wie om ferskate ferfolchfilms op Alita: Battle Angel te meitsjen. Yn in fraachpetear mei Hugh Armitage fan Digtal Spy op 6 febrewaris 2019 makken se harren plannen foar in earste ferfolch, Alita: Battle Angel 2, buorkundich. De casting fan 'e bekende akteur Edward Norton yn in cameo sûnder dialooch yn Alita: Battle Angel wie bedoeld as in opstapke nei de twadde film. Ek de yn 'e ôftiteling fan 'e film net fernijde cameo's fan Jai Courtney as motorbalkampioen Jashugan en fan Michelle Rodriguez (yn flashbacks) as Alita har eardere mentor Gelda wiene bedoeld as priuwkes fan gruttere rollen yn ferfolchfilms.

Anno 2026 is der lykwols noch altyd gjin ferfolch op Alita: Battle Angel makke. Yn april 2020 sei akteur Christoph Waltz, dy't yn 'e film de rol fan dr. Dyson Ido spile, dat de oername fan 20th Century Fox troch Disney, begjin 2019, de boel bedoarn hie. Neffens him soe Disney net fierder wolle mei Alita: Battle Angel, om't de film in toan hat dy't net by de bedriuwskultuer fan Disney past. Yn acht nommen dat Disney no wol de auteursrjochten op Alita: Battle Angel yn besit hie, liek it Waltz tige ûnwierskynlik dat it der ea fan komme soe mei in ferfolch. Nettsjinsteande dat swarden Cameron en Rodriguez yn desimber 2022 in digitale bloedeed om Alita: Battle Angel 2 te meitsjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.