Alfred Lagarde
| Alfred Lagarde | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Alfred van der Garde | |
| skûlnamme | Alfred Lagarde, Johnny Camaro | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 2 april 1948 | |
| berteplak | Grins | |
| stoarn | 1 jannewaris 1998 | |
| stjerplak | De Haach | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | Diskjockey Presintator | |
| medium | Telefyzje Radio | |
| wurksum by | Veronica, VARA | |
| bekend fan | Betonuur, Countdown Café | |
| jierren aktyf | 1972-1998 | |
Alfred van der Garde (Grins, 2 april 1948 - De Haach, 1 jannewaris 1998) better bekend ûnder it pseudonym Alfred Lagarde, wie in Nederlânske radio-dj en telefyzjepresintator.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lagarde begûn mei radio meitsjen yn maaie 1972 as diskjockey by de seestjoerder Radio Noordzee Ynternasjonaal. Noch foar't Radio Noordzee Ynternasjonaal yn augustus 1974 ophold te bestean, wie er al oerstapt nei de publike omrop. Hy wurke by de VARA, dêr't er ûnder oare it hardrock en metalprogramma Betonuur (1974-1981) makke. Yn maaie 1982 sette er ôf nei Veronica. Syn wierskynlik bekendste radioprogramma wie Countdown Café, mei Kees Baars en Annette van Trigt. Nei't fuortgean Veronica it publike omropbestel mei yngong fan 1 septimber 1995, ferliet, wie Lagarde in pear jier te hearren op Kink FM. Al die er noch al de voice-over foar Veronica.
Yn 1982 makke Lagarde ûnder de namme Johnny Camaro in humoristysk tinte cover fan it nûmer Save the last dance for me fan The Drifters, songen en praat mei in Surinaamsk aksint, yn 1988 die er dat noch in kearke oer mei Don't Worry, Be Happy fan Bobby McFerrin.
Alfred Lagarde ferstoar op 1 jannewaris 1998 yn 'e âldens fan 49 jier ta gefolch fan in oerhaal.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|