Springe nei ynhâld

Alfred Schwarzmann

Ut Wikipedy
Alfred Schwarzmann
sporter
Alfred Schwarzmann (1936)
Alfred Schwarzmann (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karl Alfred Markus Schwarzmann
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 23 maart 1912
berteplak Fürth
stjerdatum 11 maart 2000
stjerplak Goslar
sportive ynformaasje
sport Turnen
O.S. Berlyn 1936
Helsinki 1952
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 3x Olympyske Spullen 1936
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1952
Brûns grut brûns 2x Olympyske Spullen 1936

Karl Alfred Markus (Afred) Schwarzmann (Fürth, 23 maart 1912 - Goslar, 11 maart 2000) wie in Dútsk turner. Hy waard yn 1936 trijedûbeld Olympysk kampioen.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936 en 1952). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Olympysk kampioen.

Yn 1929 gie Schwarzmann yn tsjinst by it Dútske leger. Hy wie as parasjutist belútsen by de ynvaazje yn Poalen, de slach om Nederlân, (dêr't hy yn de omkriten fan Moerdijk by ferwûne rekke), en de lâning op Kreta.

Fan 1946 oant 1947 wie Schwarzmann sportlearaar yn Braunschweig. Yn 1948 kaam er nei Goslar, dêr't er sportlearaar wie oan it Ratsgymnasium Goslar. Yn 1952 mocht er opnij meidwaan oan de Olympyske Simmerspullen. Yn Helsinki wûn er in sulveren medalje oan de rekstôk.

Alfred Schwarzmann ferstoar op 11 maart 2000, yn 'e âldens fan 87 jier.

Olympyske Simmerspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Plak Resultaten
1936 Dútslân
Berlyn
GoudSprong,
Goud Mearkamp Yndividueel,
Goud Mearkamp lannen,
Brûns Rekstôk,
Brûns Brêge,
10e Flier,
4e Ringen,
7e Foltiizjehynder
1952 Finlân
Helsinki
Sulver Rekstôk,
27ste Mearkamp Yndividueel,
4e Mearkamp lannen,
78ste Flier,
13e Sprong,
15e Brêge,
58ste Ringen,
65ste Foltiizjehynder

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN