Alexius Petit
Alexius Petit (Someren, 1720 - Aarle-Rixtel, 5 septimber 1801) wie in klokkejitter, in telch út in Frânske klokkejittersfamylje.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alexius Petit waard berne yn Someren, Noard-Brabân, yn 1720. Hy wie in soan fan Joseph Petit, dy't út Lotaringen kaam.
Hy boaske op 7 novimber 1748 mei Maria Agneta Agnes Slex yn Aldekerk. Tegearre krigen se fjirtjin bern, dêr't fjouwer fan wichtich wiene foar de klokkejitterij: Henricus Petit, Maria Aldegonda Petit, Everhardus Petit en Alexius Petit Jr. Syn soannen waarden ek klokkejitters. De klokkejitterij Petit & Fritsen waard oprjochte troch it houlik fan syn dochter Maria Aldegona Petit mei Isaac Fritsen.
Yn 1745 naam Alexius Petit de klokkegieterij fan syn heit oer. Hy gie fallyt yn 1777 neidat in opdracht om in beiaard te jitten foar de nije tsjerketoer yn Nijkerk net trochgie.
Alexius Petit ferstoar op 5 septimber 1801 yn Aarle-Rixtel en waard dêr op 7 septimber 1801 beïerdige.
Alexius Petit wurke as klokkejitter fan 1746 oant 1789. Hy wurke op mei ferskate famyljeleden. Yn 1763 geat er in beiaard foar Goes en yn 1775 foar de Grutte Tsjerke yn Nijkerk. Beide wurken mislearren lykwols.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |