Alexia fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
Prinsesse Alexia, neijier 2014

Alexia fan de Nederlannen (De Haach, 26 juny 2005), folút Alexia Juliana Marcela Laurentien van Oranje-Nassau, is de twadde dochter fan Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima.

Berte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prinsesse Alexia waard snein 26 juny 2005 om 14.41 oere berne yn it Bronovo-sikehûs yn De Haach. Tiisdei 28 juny, yn it âlde stêdhûs fan De Haach, joech har heit har berte oan by de boargerlike stân, yn de persoan fan boargemaster Wim Deetman.

Nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prinsesse Alexia is op de neikommende wize ferneamd:

  • Alexia nei har heit Alex, op fersyk fan har mem;
  • Juliana nei har oarrebeppe keninginne Juliana;
  • Marcela nei de leavemuoike fan har mem Máxima;
  • Laurentien nei har muoike Prinsesse Laurentien frou fan har omke Prins Constantijn.

Titel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har persoanlike titel is Prinsesse. Nei har heit Willem-Alexander en har âldste suster Prinsesse Amalia is Prinsesse Alexia de tredde yn de oarder fan troanopfolging.