Alexander de Savornin Lohman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alexander de Savornin Lohman

Alexander Frederik de Savornin Lohman (1837 - 1924) wie in Nederlânsk steatsman.

Hy wie heechlearaar oan de Frije Universiteit yn Amsterdam fan 1884 - 1895; fan 1879- 1921 wie hy lid fan de Twadde Keamer mei útsûndering fan de perioade dat hy minister fan Binnenlânske Saken wie (fan 1890 - 1891) en de perioade wêryn hy sitting hie yn de Earste Keamer (fan 1882 -1894); syn konservatisme kaam yn konflikt mei de radikaal-sosjale tinkbeelden fan Abraham Kuyper; yn 1894 skiede hy him of fan de politike partij Anti-Revolúsjonêren en formearde in eigen groep, de Frij-Anti-Revolúsjonêren, dy’t har yn 1903 mei de Kristlik Histoaryske Uny ferbûn. Hy skreaun ûnder mear 'Partij of begjinsel' (1875), 'Us Konstitúsje' (1901).