Aleoeten (folk)

Ut Wikipedy
Aleoeten

Ferneamde Aleoeten. Mei de klok mei fan loftsboppen ôf: Sergie Sovoroff, Andrew Gronholdt, Nicholas Galanin en Petrus de Aleoet.
flagge
populaasje
oantal 12.500 (2000)
taal Aleoetysk, Medny-Aleoetysk
(ek Ingelsk en Russysk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
Ruslân
fersprieding
Feriene Steaten: 12.000
Ruslân:      500
Dizze side giet oer it folk de Aleoeten. Foar de eilannegroep, sjoch: Aleoeten.

De Aleoeten binne in lânseigen, nau oan 'e Eskimo's besibbe folk út 'e krite fan 'e Beringsee, yn Aazje en Noard-Amearika. Hja libje yn it súdwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Alaska, op 'e nei harren ferneamde eilannegroep de Aleoeten en op it Alaska-skiereilân. Fierders libje se ek op 'e Kommandeurseilannen, yn it uterste easten fan Sibearje, dy't bestjoerlik ûnderdiel útmeitsje fan 'e Russyske Federaasje. Harren taal, it Aleoetysk, heart ta de Eskimo-Aleoetyske taalfamylje. Histoarysk hawwe de Aleoeten in sterke ynfloed fan 'e Russyske taal en kultuer ûndergien, en teffens hawwe se sterk te lijen hân fan sykten dy't troch de blanken nei harren wengebiet ta oerbrocht waarden. Hjoed oan 'e dei binne der sa'n 12.500 Aleoeten, wêrfan't de grutte mearderheid yn Alaska wennet.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heitelân fan 'e Aleoeten omfiemet fan âlds de Aleoeten, in nei de etnyske groep ferneamde keatling fan eilannen dy't fan it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska yn in fearnsrûne bôge útstiket yn 'e rjochting fan it Russyske Kamtsjatka-skiereilân, en dêrby de skieding foarmet tusken de Beringsee yn it noarden en de Stille Oseaan yn it suden. Dêrnjonken heart ek de westpunt fan it Alaska-skiereilân, dat oan it fêstelân fan Alaska fêstsit, oant en mei de krite fan it plak Belkofski al fan âlds ta it wengebiet fan 'e Aleoeten, krekt as de Shumagineilannen, in lytse eilannegroep dy't oan 'e súdkant fan it Alaska-skiereilân yn 'e Stille Oseaan leit.

In foarbyld fan Aleoetyske kuorkerij.

Yn 'e 1820-er jierren twong de Russysk-Amerikaanske Kompanjy, dy't doedestiden in oansjenlik diel fan 'e noardlike Stille-Oseaankust bestjoerde, in grutte groep Aleoetyske famyljes om twa ôfhandige eilannegroepkes te kolonisearjen, te witten de Kommandeurseilannen, dy't tsjintwurdich in ûnderdiel foarmje fan it Russyske territoarium Kamtsjatka, en de Pribilofeilannen yn 'e súdlike Beringsee, dy't by Alaska hearre.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2000 wiene der doe 11.941 minsken yn 'e Feriene Steaten dy't harsels as Aleoeten omskreaune, wylst der nochris likernôch 5.000 lju fan mingd etnysk komôf wiene, dy't oanjoegen in oansjenlike proporsje Aleoetysk bloed te hawwen. Yn Ruslân wiene neffens de folkstelling fan 2010 482 Aleoeten. Mei-inoar komt de etnyske groep sadwaande út op likernôch 12.500 leden, of 17.500 as de lju fan mingde ôfstamming meirekkene wurde. Antropologen rûze dat der foarôfgeande oan it earste kontakt mei de blanken likernôch 25.000 Aleoeten west hawwe moatte. Neitiid stoarte de befolkingsgroei lykwols folslein yn troch de besmetlike sykten dy't de Westerlingen meibrochten en troch de fersteuring fan 'e tradisjonele libbenswizen dy't it gefolch wie fan 'e kolonisaasje fan it Aleoetyske wengebiet.

De Aleoeten kinne fan âlds opdield wurde yn ferskate stammen en substammen. Fan west nei east binne dat:

In kamleika, in tradisjonele jas fan seehûnehûd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Westerling dy't it wengebiet fan 'e Aleoeten besocht, wie de Deensk ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering, yn 1741. Neitiid folge ferskate oare Russyske ekspedysjes, dy't foar it meastepart rjochte wiene op 'e lukrative pelshannel, en net inkeld it Aleoetyske wengebiet, mar ek de Aleoeten sels begûnen te eskploitearjen foar twongen wurk. Ein achttjinde iuw arrivearren de earste Russysk-otterdokse misjonarissen, dy't in grut part fan 'e Aleoeten ta it kristendom wisten te bekearen. Yn dyselde snuorje begûn de Aleoetyske befolking yn te krimpen fanwegen de besmetlike sykten dy't troch de Russen meibrocht waarden, dêr't se gjin ymmuniteit tsjin hiene.

In Aleoet yn feestkostúm op in skilderij út 1818.

Yn maaie 1784 briek der op it eilân Amchitka in rebûlje tsjin 'e Russyske oerhearsking út, dêr't in frij detaillearre ferslach fan bewarre bleaun is dat neitiid troch de Japanske amtner Katsuragawa Hoshū optekene waard út 'e mûle fan 'e Japanske fisker Daikokuya Kōdayū, dy't as skipbrekkeling in skoft op 'e Aleoeten trochbrocht hie. By de opstân draaide it derom dat de see-otters hieltyd seldsumer waarden, wylst de Russen wegeren om in hegere priis foar de pelzen te beteljen. Doe't de Aleoeten harren dúdlik makken dat se tsjin 'e geande priis gjin pelzen mear leverje koene, oardere Nezimov, de lieder fan 'e Russyske keaplju op it eilân, by wize fan represaillemaatregel twa fan syn ûnderhearrigen om syn mêtresse Oniishin, de dochter fan it pleatslike opperhaad, te fermoardzjen. Neitiid besochten de Aleoeten trije kear de Russyske delsetting te bestoarmjen, mar eltse kear waarden se weromdreaun mei muskettefjoer. De trêde kears stjoerde Nezimov ûnder de oanfal guon fan syn manlju nei in Aleoetysk doarp ta, dat ûnferdigene wie om't alle manlju oan 'e bestoarming meidiene. De Russen namen doe fjirtich froulju en bern yn gizeling, wêrnei't de Aleoeten har oerjaan moasten en fjouwer fan harren lieders eksekutearre waarden.

Doe't der yn har eigen wengebiet frijwol gjin see-otters mear te bejeien wiene, reizge yn 1811 in groep Aleoetyske jagers by de kust fan Noard-Amearika lâns alhiel nei de Kanaaleilannen fan Kalifornje, foar de kust fan wêr't no Los Angeles leit. Op it eilân San Nicolas rekken hja deilis mei de pleatslike Nikolenjo-Yndianen, dy't betelle wurde woene foar de otters dy't de Aleoeten op harren gerjochtichheid fongen. De konfrontaasje rûn út op geweld, wêrby't de better bewapene Aleoeten frijwol alle Nikolenjo-manlju deaden. Yn 'e mande mei de hege stjerte oan Jeropeeske sykten op it eilân resultearre dat yn it útstjerren fan 'e lytse Nikolenjo-stamme, fan wa't tsjin 1853 noch mar ien persoan, de frou Juana Maria, oer wie.

In Aleoetyske mem mei har bern yn 1941.

Sels hiene de Aleoeten ek o sa te lijen ûnder útlânske sykten en de fersteuring fan 'e tradisjonele libbenswizen dy't it gefolch wie fan 'e kolonisaasje. Saakkundigen skatte dat der foarôfgeande oan it kontakt mei de blanken sa'n 25.000 Aleoeten west hawwe moatte. Neitiid gie dat oantal omleech oant der by de Amerikaanske folkstelling fan 1910 yn Alaska noch mar 1.491 fan harren oer wiene. Tsjin dy tiid wie it grutste part fan harren wengebiet mei de rest fan Alaska by de Feriene Steaten kommen te hearren, dat it gebiet yn 1867 by de saneamde Alaska-oankeap fan 'e Russen oernommen hie.

Under de Twadde Wrâldoarloch besetten de Japanners yn 1942 ferskate moannen lang de eilannen Attu en Kiska, yn 'e westlike Aleoetenarsipel. In diel fan 'e befolking fan Attu waard letter ôffierd nei it Noardjapanske eilân Hokkaido, dêr't se fêstholden waarden as kriichsfinzenen. Underwilens evakuëarren de Feriene Steaten ûnder de oarloch hûnderten oare Aleoeten fan 'e westlike Aleoeteneilannen en de Pribilofeilannen, dy't op it fêstelân fan súdwestlik Alaska yn ynternearringskampen pleatst waarden. Dêr wiene de tastannen sa striemin, dat in protte fan harren stoaren. Mei de Wet op de Aleoetyske Skeafergoeding, dy't yn 1988 troch it Amerikaanske Kongres oannommen waard, besocht it Amerikaanske regear de oerlibbenen 43 jier nei dato foar harren leed te kompinsearjen.

In Aleoetyske jager yn in baidarka, in soarte fan kajak.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan it earste kontakt mei de Jeropeänen libben de Aleoeten yn grutte, heal-ûndergrûnske wenten dy't barabara hieten. Hja wiene jager-sammelders, mei't it klimaat yn harren heitelân fiersten te kâld wie foar lânbou en de eilannen har net lienden foar feehâlderij. Se fisken op salm, kabeljau, krabben en skelpdieren en jagen op seehûnen, seeliuwen, walrussen, walfisken en de reuseftige stellerseeko, dy't nei de oankomst fan 'e Russen binne tritich jier útrûge wie troch oerbejaging. Op it Alaska-skiereilân waarden ek lânbisten bejage, lykas rindieren, elanden en muskusoksen. It fleis waard yn 'e regel drûge, rikke of roastere, sadat it langere tiid goedbleau. Fisk waard ek wol mei bistefet en beien ferwurke ta in mingsel dat alutiqqutiĝaq hiet. Foar jacht op see waarden wjerheakkige harpoenen brûkt dy't yn 'e wûne sitten bleaune, sadat de proai binnenhelle wurde koe en net nei de seeboaiem sonk. Foar de jacht op lân brûkten de Aleoeten in werpspeetse sûnder wjerheakken.

Aleoetyske keunst bestie benammen út fike walrusivoar. Fierders waarden maskers fan hout fike om figueren út 'e Aleoetyske myten en mûnlinge oerlevering út te byldzjen. De froulju weefden ek kuorren, dy't tsjintwurdich bekendsteane as guon fan 'e bêsten fan 'e wrâld. As materialen waarden bjirkebast, seepappegaaiefearren en walfiskblein brûkt. Yn 'e tweintichste iuw waard dy oerâlde keunst nij libben ynblazen troch it wurk fan Anfesia Shapsnikoff, dy't neitiid foar har ynset troch de steat Alaska erkend is, en oer wa't yn 1998 it boek Moments Rightly Placed publisearre waard. De Aleoeten diene oan lichemsfersiering troch it pleatsen fan tatoeaazjes en piercings, mei as doel om utering te jaan oan persoanlike prestaasjes en religieuze opfettings.

In groep Aleoetyske manlju yn in baidara, in soarte fan sloep.

Yn it ûnmeilydsume klimaat fan harren heitelân bleaune de Aleoeten by 't winter waarm troch harren yn 'e pelzen fan see-otters en de hûden fan seehûnen te klaaien. De tradisjonele seehûnelearene parka fan 'e Aleoeten hiet kameika. De nullen dêr't de froulju ferlet fan hiene foar it naaiwurk, waarden makke fan 'e bonkjes fan seefûgels, wylst de trie fan pizen of terms makke waard. De manlju droegen fierders ryklik fersierde tutefoarmige houtene jachthuodden, de chaĝuda-x. Kajakbouwer Andrew Gronholdt hat in grutte rol spile by it nij libben ynblazen fan 'e makkelei fan sokke huodden. Om harren tusken har eilannen te ferpleatsen, bouden de Aleoeten de saneamde baidara, in grutte, iepen sloep, wêrfan't de romp beklaaid wie mei walrushûs. Foar de jacht waard in lytser fartúch brûkt, de baidarka of Aleoetyske kajak.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei sprekke de measte Aleoeten Ingelsk of Russysk as harren memmetaal. Harren lânseigen taal, it Aleoetysk waard yn 2007 noch sprutsen troch 155 minsken, dy't almeast ta de âlderein behearden. Op in etnyske groep fan 12.500 minsken jout dat in sprekkerspersintaazje fan 1,24%. Der is ûnder de Aleoeten in beweging geande dy't besiket de eigen taal nij libben yn te blazen. It Aleoetysk falt útinoar yn trije dialekten: it Atkaansk, it Attûaansk en it Eastaleoetysk. Dêrfan is it Attûaansk no útstoarn. It Aleoetysk wurdt yn Ruslân skreaun yn it Syrillysk alfabet, en yn Alaska sawol yn it Latynske alfabet as yn it Syrillyske alfabet. Op 'e Russyske Kommandeurseilannen wurdt behalven it Aleoetysk ek Medny-Aleoetysk sprutsen, in Russysk-Aleoetyske mingtaal, dy't yn 1996 noch 10 oant 12 sprekkers hie.

Stamme-organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Agdaagux Stamme fan King Cove
Agdaagux Tribe of King Cove
Aleoeten Alaska King Cove 640 op it Alaska-skiereilân
Lânseigen Doarp Akutan
Native Village of Akutan
Aleoeten Alaska Akutan 160 op 'e Aleoeten
Lânseigen Doarp Atka
Native Village of Atka
Aleoeten Alaska Atka 180 op 'e Aleoeten
Lânseigen Doarp Belkofski
Native Village of Belkofski
Aleoeten Alaska King Cove 60 op it Alaska-skiereilân
Lânseigen Doarp False Pass
Native Village of False Pass
Aleoeten Alaska False Pass 100 op it Alaska-skiereilân
Lânseigen Doarp Nikolski
Native Village of Nikolski
Aleoeten Alaska Nikolski 60 op 'e Aleoeten
Pauloff Harbor Doarp
Pauloff Harbor Village
Aleoeten Alaska Sand Point 50 op 'e Shumagineilannen
Aleoetyske Mienskippen fan de Pribilofeilannen St. Paul en St. George
Pribilof Islands Aleut Communities of St. Paul and St. George Islands
Aleoeten Alaska St. Paul 790 op 'e Pribilofeilannen, wêrfan 660 op St. Paul en 130 op St. George
Qagan Tayagungin Stamme fan it Doarp Sand Point
Qagan Tayagungin Tribe Sand Point Village
Aleoeten Alaska Sand Point 620 op 'e Shumagineilannen
Qawalangin Stamme fan Unalaska
Qawalangin Tribe of Unalaska
Aleoeten Alaska Unalaska 540 op 'e Aleoeten
Lânseigen Doarp Unga
Native Village of Unga
Aleoeten Alaska Unga 90 op 'e Aleoeten
Ugashik Tradisjoneel Doarp
Ugashik Traditional Village
Aleoeten en Alûtiik Alaska Ugashik 70 op it Alaska-skiereilân

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.