Aleksejevsky-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aleksejevsky-kleaster

Алексеевский монастырь

Uglich alekseyevsky.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Yaroslavl Oblast.svg Oblast Jaroslavl
plak Flag of Uglich (Yaroslavl oblast).png Oeglitsj
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
boujier fanôf 1371

It Aleksejevsky-kleaster (Russysk: Алексеевский монастырь) is in otterdoksk nonnenkleaster yn de Russyske stêd Oeglitsj (Oblast Jaroslavl). It kleaster waard stifte yn 1371 troch de muonts Adrian op oanwizing fan de metropolyt Aleksius fan Moskou mei tastimming fan prins Dimitri IV fan Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster foar 1917

It kleaster waard oarspronklik omfrede troch houten palissades om it te beskermjen tsjin oanfallen fan ôf de wei nei Jaroslavl. Ynearsten krige it kleaster de namme Marije-Himelfeart, mar nei de hillichferklearring fan Aleksius waard it oan him wijd. Yn 1534 waard in stiennen tsjerke boud, de earste bûten it de muorren fan it kremlyn fan Oeglitsj.

Yn 1609 moast it kleaster fûl ferdigene wurde tsjin de Poalsk-Litouske ynvallers ûnder lieding fan Jan Pjotr Sapieha. Alle muontsen waarden doe ombrocht. Nei't de ynvallers ferjage wiene, boude men de Marije-Himelfearttsjerke. It is ien fan de earste stiennen bouwurken dy't nei de Tiid fan Unstjoer boud waard. Yn dy tiid mocht it de skatkist fan Ruslân net barre om grutte bouprojekten út te fieren.

Nei de ferneatiging fan it Pakrovsky-kleaster troch de bou fan in wetterkrêftsintrale yn de jierren 1930 is de Marije-Himelfearttsjerke it âldste gebou fan Oeglitsj. De streltsy dy't yn 1698 yn opstân kamen tsjin Peter de Grutte waarden hjir finzen set.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marije-Himelfearttsjerke

Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Faam (1628)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opfallende Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Faam wurdt bekroand mei trije spitsen dy't einigje mei lytse sipels. Yn 1650 ferbea patriarch Nikon de bou fan dit type tsjerken, om't de arsjitektuer net neffens de tradysje wie. Oan de eastlike kant hat de tsjerke trije apsissen. Foar de tsjerke is it refektoarium oanboud, werfan it ferwulft troch in sintrale pylder droegen wurdt. De dekoraasje fan de tsjerke is ienfâldich en net útwrydsk. De tsjerke waard yn de jierren 1956-1961 restaurearre en werom brocht yn de oarspronklike steat. Yn de tsjerke wurdt it meast ferearde ikoan fan Oeglitsj fereare, it Ikoan fan de Hillige Jongfaam mei de net te dôfjen kers. It ikoan toant Marije yn it habyt fan in non mei in stêf yn de lofter hân en in baarnende kers yn de rjochter.

Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper

Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper (1681)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper waard boud yn 1681. De tsjerke is fersierd mei porsleinen tegels. Yn de 19e iuw fûn der in ferbouwing plak. Ynstee fan twa apsissen hat de tsjerke tsjintwurdich in grutte rûne apsis. De westlike kant fan de tsjerke is orizjineel bleaun.

Aleksiustsjerke (1829)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De klassisistyske Aleksiustsjerke ferfong yn 1829 in âldere tsjerke út de 16e iuw, mar waard yn 1930 foar in grut part sloopt en foar in keunstgalery geskikt makke. Yn 1997 is it gebou werom jûn oan de Tsjerke. De tsjerke is noch net yn de oarspronklike steat werom brocht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]