Aleksanderparkyt
Aleksanderparkyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Mantsje en wyfke yn 'e Yndiaaske dielsteat Assam. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Psittacula alexandri | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Aleksanderparkyt (Psittacula alexandri) is de typesoarte fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 33 oant 38 sm lange griene parkyt hat in rôzeread boarst (dêrfandinne ek de Ingelske namme red-breasted parakeet). De kop is blaugriis mei in swarte streek oer de foarholle tusken de eagen en swart op it kin en it ûnderwang. Op 'e griene wjukken hat de fûgel in giel plak. De relatyf koarte sturt fan 'e Aleksanderparkyt is blaueftich. Mantsjes ha in reade snaffel mei in giele punt en wyfkes ha in swarten-ien. Wyfkes binne op it boarst ek minder rôzeread as mantsjes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aleksanderparkiten komme fan noardlik Yndia oant it suden fan Sina yn it easten en oant Java en Borneo yn it suden foar. De soarte is troch minsken yntrodusearre yn Singapoer, Hongkong en Tokyo.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- P. a. alexandri Linnaeus, 1758: Java, Baly en súdlik Borneo.
- P. a. abbotti (Oberholser, 1919): Andamanen.
- P. a. cala (Oberholser, 1912): Simeulue (west fan Sumatra).
- P. a. dammermani Chasen & Kloss, 1932: Karimundjawa (Javasee).
- P. a. fasciata (Statius Müller, 1776): noardlik Yndia oant súdlik Sina en Yndosina.
- P. a. kangeanensis Hoogerwerf, 1962: Kangean-eilannen (Javasee).
- P. a. major (Richmond, 1902): Lasia en Baby (west fan Sumatra).
- P. a. perionca (Oberholser, 1912): Nias.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar dy wurdt as frij algemien omskreaun. Oannommen wurdt dat de populaasje slim te lijen hat fan streuperij en ferlies fan leefgebiet. Dêrfandinne wurdt de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|