Aleksander Nevskikatedraal (Wolgograd)

Ut Wikipedy
Aleksander Nevskikatedraal

Алекса́ндро-Не́вский собо́р

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Wolgograd
plak Wolgograd
adres Plein fan de fallen Striders
koördinaten 48° 42' N 44° 30' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier oarspr. 1901-1916
rekonstruksje 2016-2021
sloopjier 21 maart 1932
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
offisjele webside
Side oer de bou

De Aleksander-Nevskikatedraal (Russysk: Алекса́ндро-Не́вский собо́р; Aleksandro-Nevski sobor) is in russysk-otterdokske katedraal yn Wolgograd, Ruslân. De katedraal waard yn 2021 foltôge en is in rekonstruksje fan de katedraal út it begjin fan de 20e iuw, dy't yn de Sovjet-tiid opblaasd waard.

Alde katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yn 1932 ôfbrutsen katedraal

De âlde katedraal waard oan it begjin fan de 20e iuw yn it doedestiidske Tsaritsyn (oant 1925 de namme fan Wolgograd) boud út tankberens foar de mirakuleuze rêding fan tsaar Aleksander III by it treinûngemak by Borki (tsjinwurdich Oekraïne). Beskermhillige fan de tsaar wie de otterdokske hillige grutfoarst Aleksander Nevski.

Model foar de katedraal stie de Kazankatedraal yn Orenburg. De bou fan de tsjerke duorre 15 jier en waard foltôge yn 1916. Yn dy tiid wie it in ûnbidich grut gebou tusken de noch lege bebouwing fan Tsaritsyn, mei in hichte fan 57.5 meter, in lingte fan 51 meter en in breedte fan 47.5 meter.

De bou duorre langer as it bestean fan de katedraal want al yn 1932, fjirtjin jier nei de foltôging, waard de katedraal opblaasd. De stiennen fan de katedraal waarden brûkt foar it ferhurdzjen fan de diken yn 'e stêd en op it plak fan de katedraal waard in grienfoarsjenning oanlein. Op it plak fan de âlde katedraal stiet tsjintwurdich in kapel.

Nije katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Yn april 2016 waard der in begjin makke oan de weropbou fan de katedraal. Dy fûn plak yn it park by it Plosjtsjad Pavsjich Bortsov (Plein fan de Fallen Striders), in pear hûndert meter noardlik fan de âlde lokaasje, op it plak dêr't yn de Sovjet-tiid it nea realisearre projekt foar it Hûs fan de Sovjet pland wie.

Op 29 septimber 2021 waard de foltôge rekonstruksje fan de katedraal plechtich ynwijd troch patriarch Kirill fan Moskou.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невский собор (Волгоград)