Aleksander Nevskikatedraal (Wolgograd)
Aleksander Nevskikatedraal Алекса́ндро-Не́вский собо́р | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Wolgograd | |
plak | Wolgograd | |
adres | Plein fan de fallen Striders | |
koördinaten | 48° 42' N 44° 30' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1901-1916 werbou 2016-2021 | |
sloopjier | (21 maart) 1932 | |
boustyl | Neobyzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side oer de bou | ||
Kaart | ||
De Aleksander-Nevskikatedraal (Russysk: Алекса́ндро-Не́вский собо́р; Aleksandro-Nevski sobor) is in Russysk-otterdokske katedraal yn Wolgograd, Ruslân. De katedraal waard yn 2021 foltôge en is in rekonstruksje fan 'e katedraal út it begjin fan 'e 20e iuw, dy't yn 'e Sovjet-tiid opblaasd waard.
Alde katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde katedraal waard oan it begjin fan 'e 20e iuw yn it doedestiidske Tsaritsyn (oant 1925 de namme fan Wolgograd) boud út tankberens foar de mirakuleuze rêding fan tsaar Aleksander III by it treinûngemak by Borki. Beskermhillige fan 'e tsaar wie de otterdokse hillige grutfoarst Aleksander Nevski.
Model foar de katedraal stie de Kazankatedraal yn Orenburg. De bou fan 'e tsjerke duorre 15 jier en waard foltôge yn 1916. Yn dy tiid wie it in ûnbidich grut gebou tusken de noch lege bebouwing fan Tsaritsyn, mei in hichte fan 57.5 meter, in lingte fan 51 meter en in breedte fan 47.5 meter.
De bou duorre langer as it bestean fan 'e katedraal want al yn 1932, fjirtjin jier nei de foltôging, waard de katedraal opblaasd. De stiennen fan 'e katedraal waarden brûkt foar it ferhurdzjen fan 'e diken yn 'e stêd en op it plak fan 'e katedraal waard in grienfoarsjenning oanlein. Op it plak fan 'e âlde katedraal stiet tsjintwurdich in kapel.
Nije katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn april 2016 waard der in begjin makke oan de werbou fan 'e katedraal. Dy fûn plak yn it park by it Plosjtsjad Pavsjich Bortsov (Plein fan 'e Fallen Striders), in pear hûndert meter noardlik fan 'e âlde lokaasje, op it plak dêr't yn 'e Sovjet-tiid it nea realisearre projekt foar it Hûs fan de Sovjet pland wie.
Op 29 septimber 2021 waard de foltôge rekonstruksje fan 'e katedraal plechtich ynwijd troch patriarch Kirill fan Moskou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невский собор (Волгоград)
|