Aleksander Nevskikatedraal (Jekatarineburch)

Ut Wikipedy
Aleksander Nevskikatedraal

Александро-Невский собор

bouwurk
Собор Александра Невского Екатеринбург 35.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Sverdlovsk Oblast.svg Sverdlovsk
plak Flag of Yekaterinburg (Sverdlovsk oblast).svg Jekaterineburch
koördinaten 56° 49' N 60° 35' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1838-1854
arsjitekt Michaíl Pavlovitsj Malakhov
boustyl Klassisisme
monumintale status Kultureel monumint
monumintnûmer 6610006003
offisjele webside
www.sestry.ru

De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Александро-Невский собор; Aleksando-Nevski Sobor) is in otterdokse katedraal en in klassisistysk monumint yn Jekaterineburch, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1809 tekene tsaar Aleksander I it dekreet foar it stiftsjen fan it Novo-Tichvinkleaster yn Jekaterineburch. Besletten waard om de belangrykste tsjerke te wijden oan Aleksander Nevski, de beskermhillige fan de tsaar. Yn 1814 waard útein set mei de bou fan de katedraal, mar nei twintich jier fertoande de katedraal boukundige gebreken en it tal nonnen wie sûnt boppedat foars tanommen, dat der moast in gruttere tsjerke komme.

De hjoeddeiske katedraal datearret út de jierren 1838-1854 en waard ûnder lieding fan de arsjitekt Michaíl Pavlovitsj Malakhov yn klassisistyske styl boud. It jild foar de bou wie der net, dus de nonnen gyngen mei it Ikoan fan Us Leaffrou fan Tichvin by de stêden en doarpen del om donaasjes foar de katedraal te freegjen. Ek keaplju en eigners fan fabriken droegen by oan de bou fan de nije katedraal.[1]

De katedraal yn de Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1921, nei't it Novo-Tichvinkleaster troch de nije autoriteiten sletten wie, waard de katedraal in gewoane parochytsjerke. Yn 1930 folge ek de sluting fan de tsjerke sels. Noch itselde jier waard it tsjerkhôf dat om de katedraal lei opheven en romme. It eardere kleaster krige yn 1942 in militêre bestimming en de tsjerke waard ferboud troch û.o. de ynbou fan meardere ferdjippings. Sûnt 1961 waarden de romten yn de katedraal brûkt foar de opslach fan museumstikken.

De renêssânse fan de katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 begûn de renêssânse fan de katedraal. De otterdokske mienskip frege yn 1991 om de weromjefte fan de katedraal oan de Russysk-otterdokske Tsjerke. Nei in hongerstaking fan in moanne waard op 10 september 1991 it beslút nommen hjir gefolch oan te jaan. Foar it earst sûnt de sluting yn 1930 waard yn in diel fan de katedraal wer in earetsjinst fierd. Sûnt 1994 waard ek it monastike libben wer oppakt en yn itselde jier waard it Ikoan fan de Teotokos fan Tichvin fanút de Jehannes de Doperkatedraal, dy't tidens de Sovjet-tiid nea sletten wie, plechtich nei de Alekander Nevskikatedraal oerbrocht.

Tsjintwurdich is de hiele katedraal oerdroegen oan it otterdokske bisdom Jeketarinenburch. Sûnt is ek de katedraal werom brocht yn de oarspronklike steat. De muorrebeskilderingen fan de katedraal wiene eartiids ferneamd, mar koene net mear rekonstruearre wurde. Likernôch sechtich skilders brochten dêrom nije fresko's yn de tsjerke oan. Op 19 maaie 2013 wijde patriarch Kirill de rekonstruearre katedraal op 'e nij yn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невский собор (Екатеринбург)