Aleksander III (paus)
Aleksander III | ||
![]() | ||
![]() | ||
Paus Aleksander III | ||
amt en titulatuer | ||
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 1159-1181 | |
foargonger | Adrianus IV | |
opfolger | Lusius III | |
wurkpaad | ||
kardinaal | 1150 | |
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berteplak | Siena | |
stjerdatum | 30 augustus 1181 | |
stjerplak | Rome |
Paus Aleksander III, (Siena, begjin 12e iuw - Rome, 30 augustus 1181) wie de 170ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1159 oant 1181.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in ferneamd magister iuris te Bologna, waard yn 1150 kardinaal en yn 1153 kanselier fan de Romeinske tsjerke en riedsjouwer fan paus Adrianus IV, syn foargonger.
As syn legaat fersette er him op de ryksdei fan Besançon (1157) tsjin de rykskânselier Rainald fan Dassel. Op 7 septimber 1159 keazen de anty-ymperialen him ta opfolger fan paus Adrianus IV.
Syn pontifikaat waard skaaimerke troch de grutte botsing mei Keizer Frederik I Barbarossa dy’t de tsjerklike polityk fan syn Saliyske foargongers besocht om op te nimmen en dêrta de Ghibellijnske tsjinpausen Fiktor IV, Paskalis III en Kalikstus III, stipe.
Aleksander moast nei Frankryk útwike (1161–1165), mar fûn stipe by de measte Europeeske foarsten, Benammen by de Lombardyske stêdebûn, dy't de Itajaanske polityk fan Barbarossa fel bestried. Har fêsting Alessandria waard nei him neamd. Yn de maitiid fan 1163 lei er, yn oanwêzigens fan Loadewyk VII fan Frankryk, de earste stien fan de Notre-Dame yn Parys.
Yn hiel it paus-keizerkonflikt toande Aleksander III him in master yn it diplomatike spul, wat him troch alle belutsenen net hieltyd yn tank ôfnommen waard. In selde foarsichtige polityk folge er oangeande Hendrik II fan Ingelân yn dy syn konflikt mei Thomas Becket (yn 1170 fermoarde, yn 1174 troch Aleksander III hillich ferklearre). Hy stipe fierders de nije kleasterbewegings, benammen de oarder fan de Sistersjinzers (1175: hillichferklearring fan Bernard fan Clairvaux). Aleksander III die útspraak yn in soad konflikten, mar ek yn mear gewoane rjochtsaken, dêr't er delegearre rjochters foar oanstelde. Under syn pontifikaat naam it oantal en it belang fan de pauslike dekretalen[1] sterk ta. Fanwegen Romeinske ûnlusten moast er ta beslút Rome ferlitte. Hy waard opfolge troch ien fan syn adviseurs yn it Barbarossa-konflikt, paus Lusius III.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() |
Pausen yn 'e 12e iuw | ||
---|---|---|---|
Gelasius II · Kalikstus II · Honoarius II · Innosintius II · Selestinus II · Lusius II · Eugenius III · Anastasius IV · Adrianus IV · Aleksander III · Lusius III · Urbanus III · Gregoarius VIII · Klemins III · Selestinus III · Innosintius III |
|||
![]() ![]() ![]() |