Aleksander-Svirsky-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aleksander-Svirsky Kleaster

Александро-Свирский монастырь

Sicht op de beide kleasters fan ôf de Rosjtsinsky-mar
Sicht op de beide kleasters fan ôf de Rosjtsinsky-mar
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Coat of arms of Leningrad Oblast.svg Leningrad
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Fan ôf de 16e iuw
webside svirskoe.org

It Aleksander Svirskykleaster (Russysk: Александро-Свирский монастырь) is in russysk-otterdoksk kleaster yn de bosken fan Oblast Leningrad, Ruslân. It leit súdlik fan de grins mei de republyk Kareelje. De gouden iuw fan it kleaster wie yn de 17e iuw. Ut dy tiid stamme de measte gebouwen. Bysûnder is de klokketoer mei trije spitsen, in soarte dêr't der net in soad fan de tiid trochstien hawwe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksander fan Svir op in 18 iuwsk ikoan

It kleaster waard stifte yn 1487, doe't in muonts mei de namme Aleksander út it Valaam-kleaster, him tusken heidenske folken nei wenjen sette, op sa'n 20 kilometer eastlik fan it Ladogamar en seis kilometer fan de rivier de Svir. Dêr krige de muonts yn in dream de opdracht fan de Hillige-Trije-ienheid om twa tsjerken te bouwen, dy't wijd wurde moasten oan de Trije-ienheid en de Transfiguraasje fan de Hear. Dy beide tsjerken foarmen it begjin fan de kleasters Trije-ienheid en Transfiguraasje, tegearre bekend ûnder de namme Aleksander Svirskykleaster. Al doe't de stifter noch libbe bestie it kleaster út twa aparte kompleksen, dy't troch in paad by de mar del mei inoar ferbûn wiene.

Lykas oare kleasters yn Ruslân krige it Aleksander Svirskykleaster te meitsjen mei perioades fan bloei en delgong. Mei de ynfaazjes yn Ruslân waard it kleaster jimmeroan wer yn brân stutsen en plondere, mar altiten fûn der wer in weropbou plak en yn de heechtijdagen hie it kleaster wol acht tsjerken, in rike sakristy en herberge it tal fan keunstwurken lykas weardefolle ikoanen en âlde boeken en manuskripten. Yn de 19e iuw waard it kleaster sels it "Noardlike Lavra" neamd.

It âldste gebou fan it tsjintwurdige kleaster is de stiennen Foarbeatsjerke út 1533. De bou fan de yn Novgorod-styl boude tsjerke mei refter en klokkestoel waard moooglik makke troch donaasjes fan tsaar Vasily III.

Nei 1917[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Transfiguraasjekleaster
Trije-ienheidkleaster

Nei de Oktoberrevolúsje yn 1917 waarden de muontsen út harren kleaster ferjage. Guon waarden fermoarde, lykas de archimandryt fan it kleaster, dy't yn Olevets troch de Tsjeka eksekutearre waard. De bolsjewiken ferwideren de reliken fan de hillige Aleksander út it kleaster; it kompleks waard ûnderdiel fan de goelag en bekend ûnder de namme Svirlag. Net earder dan yn de jierren 1970 fûnen der wer restauraasjes plak.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn 1997 oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. De muontsen troffen in foar in grut part ferrinnewearre kleaster oan en moasten hurd wurkje om de gebouwen wer yn oarder te meitsjen. Op 30 july 1998 kamen ek de reliken werom fan de stifter fan it kleaster. De tsjerken fan beide kleasters waarden restaurearre en wer yn gebûk nommen foar de earetsjinst. Sûnt 1953 wie der in psychiatrysk sikenhûs yn it Trije-ienheidskleaster fêstige en dat bleau noch sa oant de ferhûzing yn 2009. Tsjintwurdich hat it hiele Aleksander Svirsky wer in religieuze funksje.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbyld Namme Kleaster Boujier
Собор Троицы Живоначальной в Троицком, Александро-Свирском монастыре. д. Старая Слобода.JPG Trije-ienheidkatedraal Trije-ienheidkleaster 1695—1697
IMAG024430.jpg Foarbeatsjerke mei refter Trije-ienheidkleaster 1533—1536
Звонница Троицкого собора Алескандро-Свирского монастыря, д. Старая слобода.JPG Klokketoer Trije-ienheidkleaster 1646
Александро-Свирский м. - Церковь Иоанна Дамаскина.jpg Tsjerke fan Jehannes fan Damaskus Trije-ienheidkleaster 1716
Свято-Троицкий Александра Свирского мужской монастырь (5).JPG Transfiguraasjekatedraal en de Tsjerke fan Elisabet en Sacharías Transfiguraasjekleaster 1641—1644
1668
Свято-Троицкий Александра Свирского мужской монастырь (17).JPG Poartetsjerke fan Nikolaas de Wûnderwurker Transfiguraasjekleaster 1791
Александро-Свирский м. - Колокольня.jpg Klokketoer Transfigruaasjekleaster 1903—1904

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Свирский монастырь