Springe nei ynhâld

Aldsineeske tiger

Ut Wikipedy
Aldsineeske tiger

Diel fan in plasse (VPP V13538), hearrend ta de kolleksje fan it Paleosoölogysk Museum fan Sina.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai panters (Panthera)
soarte
Panthera palaeosinensis
Zdansky, 1924
útstoarn (fossyl)

De Aldsineeske tiger (wittenskiplike namme: Panthera palaeosinensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). De namme wiist op in nauwe besibskip oan 'e tiger (Panthera tigris). De Aldsineeske tiger kaam yn it Ier Pleistoseen foar yn it noarden fan Sina.

De Aldsineeske tiger waard foar it earst yn 1924 wittenskiplik beskreaun troch de Eastenrykske paleöntolooch Otto Zdansky yn syn wurk Jungtertiäre Carnivoren Chinas. De oarspronklike wittenskiplike namme wie Felis palaeosinensis, mar letter waard dit bist oerpleatst nei it skaai fan 'e panters (Panthera). De datearring fan 'e Aldsineeske tiger is ûnwis, mar de bêste skattings pleatse dit bist om 'e oergong fan it Plioseen nei it Pleistoseen hinne (3–2 miljoen jier lyn).

De plasse fan in Aldsineeske tiger hie in lingte fan 26,2 sm, wylst de ûnderkaak 16,9 sm lang wie. In libben eksimplaar soe nei alle gedachten mear wei hân hawwe fan in jagûar as fan in tiger, mei in gnobsk, spiersterk lichem relatyf ticht by de grûn op koarte poaten. De kegelfoarmige hoektosken út 'e boppekaak binne by it fossyl net bewarre bleaun, mar de hoektosken út 'e ûnderkaak hawwe de fertikale groeven dy't karakteristyk binne foar panters.

Anno 2025 binne der teminsten trije ûndersiken dien mei as útkomst dat it wierskynlik is dat de yn 2011 wittenskiplik beskreaune fossile Longdantiger (Panthera zdanskyi), ek út Sina, synonym is mei de Aldsineeske tiger. De foarsleine ferskillen tusken de beide soarten soene neffens de neamde ûndersiken binnen it berik fan fariaasje tusken yndividuën falle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.