Aldkakigen

Ut Wikipedy
Aldkakigen
In strúsfûgel (Struthio camelus).
In strúsfûgel (Struthio camelus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
Pycraft, 1900

De âldkakigen (Latynske namme: Palaeognathae) foarmje in tuskenklasse fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes). Dit is in relatyf lytse groep fan sa'n 60 soarten fûgels, besteande út 'e tinamû's en grutte rinfûgels, mei as bekendste fertsjintwurdiger de strúsfûgel (Struthio camelus). De âldkakigen foarmje it sustertakson fan 'e nijkakigen (Neognathae), dêr't alle oare libbene fûgelsoarten ta hearre, mear as 10.000 yn oantal. De namme 'âldkakigen', in letterlike oersetting fan it Latynske Palaeognathae, ferwiist nei de 'âlde' (palaeo) struktuer fan 'e kaak (gnath) by dizze fûgels, dy't nammentlik 'primitivere' (d.w.s. reptyleftige) skaaimerken fertoane soe as de kaakstruktuer fan 'e nijkakigen. Nettsjinsteande de offisjele nammejouwing bestiet oer dit punt lykwols gjin wittenskiplike konsensus.

Underferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tuskenskift fan 'e âldkakigen is opboud út fiif skiften fan libbene fûgels, wêrfan't de tinamû-eftigen (Tinamiformes) mei 47 soarten de grutste is. Fierders binne der 5 libbene soarten kiwy-eftigen (Apterygiformes); 4 libbene soarten kasuariseftigen (Casuariiformes) (in fyfden rekke útstoarn yn 'e histoaryske perioade); 2 libbene soarten nandoe-eftigen (Rheiformes); en 2 libbene soarten strúsfûgeleftigen (Struthioniformes). Fierders wurde der trije útstoarne skiften ta de âldkakigen rekkene, de Lithornithiformes, de moä-eftigen (Dinornithiformes) en de oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes). Der binne noch oare útstoarne groepen dy't troch guon saakkundigen by de âldkakigen yndield wurde, mar dêr bestiet gjin wittenskiplike konsensus oer.

Tuskenklasse-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.