Alderheljenkatedraal (Tûla)

Ut Wikipedy
Alderheljenkatedraal

Всехсвятский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Tûla
plak Tûla
adres Ulitsa L. Tolstogo
koördinaten 54° 10' N 37° 36' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1773-1825
boustyl Neo-klassisisme mei barokke ynfloeden
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7110054005
offisjele webside
(ru) Side fan de tsjerke

De Alderheljenkatedraal (Russysk: Всехсвятский собор; Vsechsvjatski sobor) is in otterdokske katedraal fan it otterdokske bisdom Tûla yn Tûla, Ruslân. Troch't de katedraal boud waard op in ferhege diel fan de stêd is de tsjerke fan hast alle kanten te sjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in ferbod fan Katarina II op it begraven fan minksen yn stêden namen de autoriteiten fan Tûla it beslút om súdlik fan de stêd in nij tsjerkhôf oan te lizzen. De earste tsjerke op it tjerkhôf wie fan hout, mar yn maart 1773 waard al tastimming jûn in stiennen tsjerke ta eare fan de werkomst fan Kristus te bouwen mei in oan de ferrizenis fan Lazarus en Alderheljen wijde kapel. De bou waard finansjeel mooglik makke troch de hanneler Gerasim Stefanovitsj Sûsjkin. Sûsjkin stoar al yn 1774 en waard yn de tsjerke beïerdige. De bou waard troch syn skoansoan Ivan Afanasievitsj Gerasim fuortset. Yn 1776 wie de tsjerke klear en waard it gebou konsekrearre.

Ingel op de klokketoer

Yn 1788 waard tastimming frege om de tsjerke fan in boppetsjerke te foarsjen. De twadde ferdjipping waard yn twa jier tiid boud, mar op 8 augustus 1790 nei it fieren fan de liturgy stoarte ien fan de fiif koepels yn en mei de fal waarden de ferwulften fan de beneden- en boppe tsjerke brutsen. Trije minsken kamen om by dit foarfal. It duorre fiif jier oant der wer in tsjinst fierd waard yn de benedentsjerke. De boppetsjerke waard yn 1797 foltôge en yn 1825 konsekrearre.

De tsjerke waard yn it Sovjet-tiidrek oerdroegen oan de oanhingers fan de Libbene Tsjerke, in ôfsplissing fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Nei it sluten fan de Untsliepeniskatedraal rôpen de fernijers harren tsjerke út as de katedraal. Yn 1944 waard de katedraal lykwols werom jûn oan it bisdom fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke.

De muorren fan de beneden- en boppetsjerke waarden yn de jierren 1955-1960 troch de Moskouse skilders Pavel Aleksandrovitsj Gladkov en Viktor Michailovitsj Golûbev fan fresko's foarsjoen. Yn 1960 krigen de katedraal en de klokketoer de status fan monumint.

Yn 1988 foarme de katedraal it sintrum fan de festiviteiten om it 1000-jierrich jubileum fan it kerstenjen fan de Rûs.

Klokketoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it begjin fan de 19e iuw waard begûn mei it ynsammeljen fan jild foar de bou fan in klokketoer. It jild kaam mar stadich en pas yn 1833 waard in begjin makke oan de bou. Nei in fearnsiuw wie de toer foar noch net iens de helte ôf, mar dêrnei kaam der faasje yn it projekt en yn 1863 waard de toer foltôge. De toer mei in hichte fan 82 meter telt trije ferdjippings en hat in hege spits.

Tusken it begjin fan de bou fan de tsjerke en de klokketoer sit mear as in heale iuw, mar slagge de arsjitekt V.F. Fedoseev, in learling fan Carlo Rossi, der yn om fan beide bouwurken in ienheid te meitsjen. De toer is fersierd mei bylden fan ingels dy't de werkomst fan Kristus en it Jongste Gerjocht oankundigje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]