Alderheljenfloed (1532)

De Alderheljenfloed fan 1532 wie fan 31 oktober oant 2 novimber 1532. De oerstreaming wurdt beskôge as de tredde Alderheljenfloed. De stoarmfloed oerstreamde grutte partenen fan 'e Belgyske, Nederlânske, Dútske en Deenske kusten.
Grutte parten fan Hollân en Utert bleaune lang ûnder wetter stean. Parten fan Seelân strûpten ûnder en bleaunen ûnder wetter oant de grutte ynpolderingen. Sint Philipsland, in polder dy't al meardere kearen troch oerstreamingen troffen wie (koart nei 1511 en yn 1530) mar hieltyd wersteld wie trochdat de diken reparearre waarden, bleau dêrnei foar lange tiid ferlern. [1] De diken waarde net opnij opmakke, de skoarren waarden fannijs bedike yn 1645. Leafst tsien doarpen ferdwûne yn 'e weagen.
Yn Noard-Fryslân waarden Dithmarschen en Eiderstedt en de stêd Hamburch swier troffen. It Dútske waadeilân Nordstrand waard swier rekke, dêr ferdronken likernôch 1900 minsken, jong en âld. Yn East-Fryslân ferdwûnen de doarpen Osterbur en Ostbense. [2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|