Alde Tsjerke (Naaldwyk)

Ut Wikipedy
Alde Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Naaldwyk
adres Wilhelminaplein 5
koördinaten 51° 59' N 4° 12' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Adrianus
Arsjitektuer
boujier 13e iuw (toer); 1472 (tsjerke)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30168
Webside
Side PKN Naaldwyk
Kaart
Alde Tsjerke (Súd-Hollân)
Alde Tsjerke

De Alde Tsjerke (Oude Kerk) is in tsjerke fan 'e protestanske gemeente yn Naaldwyk, gemeente Westlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste diel fan 'e krústsjerke is de ynboude toer, dy't yn romaanske styl boud waard en út de 13e iuw stamt. De tsjerke waard yn 1472 op 'e fûneminten fan in foargonger boud, dy't troch bliksemynslach ferneatige waard. Oarspronklik wie yn 'e roomske tiid de tsjerke oan 'e hillige Adrianus wijd. Op 19 july 1572 fûn der foar it lêst in katolike misse plak. Op 9 augustus fan itselde jier waard der foar it earst in protestanske tsjinst holden.

Yn 2003 joech de tsjerkfâldij opdracht ta in yn meardere fazen útfierde restauraasje. Dat barde nei't fêsteld wie dat de lûkbalken fan de bûnte knaachkrobbe oantaast wiene. Ek it stúkwurk yn 'e tsjerke liet op guon plakken los en lekkaazje, swammen en ruskjende muorre-ankers skeinden it muorrewurk. Tagelyk mei de restauraasje waard de tsjerke ek oanpast foar kulturele evenminten mei û.o. it ferfangen fan de tsjerkebanken troch stuollen.

De tsjerke helle yn 2007 it lannelike nijs nei't yn de tsjerke in houseparty holden waard. It helske lawaai en wyldpissers hiene skea oan de tsjerke brocht en oerlêst oan omwenjenden. De kombinaasje KristenUny/SGP yn 'e gemeente Westlân hat doe oantrune op it ferbieden fan muzykfeesten yn 'e monumintale tsjerke.[1][2]

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel (banken binne sûnt de lêste restauraasje ferwidere.)

De tsjerke hat in renêssânse preekstoel, dy't skonken waard troch Freark Hindrik, in soan fan Willem fan Oranje. Ek it boerd mei de Tsien Geboaden mei syn wapen wie in geskink fan Freark Hindrik, dy't dêr regelmjittich tsjerkte. Bysûnder is in gotysk koerstek, dat sûnt de restauraasje mobyl is.

Yn 'e tsjerke binne in tal sarken út sawol de tiid fan foar de reformaasje as nei dy tiid. Ta neitins oan it ferstjerren fan baron Von Schmettau waard yn 1711 in grêfmonumint yn it koer stifte.

Yn 'e toer hingje twa klokken. De âlde klok út 1472 mei in diameter fan 120 sintimeter waard getten troch W. Hoercken. In oare klok mei in diameter fan 105 sintimeter waard getten troch W. Wegewaert.[3]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 'e jierren 1830-1831 boud troch Wander Beekes (1795-1838) út Utert. It is it grutste ynstrumint fan Beekes. Yn 'e 20e iuw waard it oargel ferskate kearen oan 'e hearskjende moade oanpast, mar yn 'e jierren 1974-1975 brocht de renovaasje fan L. Verschueren B.V. út Heythuysen it ynstrumint foar it measte yn 'e oarspronklike steat werom.

Njonken it haadoargel hat de Alde Tsjerke noch in kistoargel fan Jacob Breetvelt út 1989.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: