Springe nei ynhâld

Alde Sint-Pitersbasilyk

Ut Wikipedy
Sint-Pitersbasilyk
Basilica di San Pietro
Ympresje fan hoe't de Alde Sint-Pitersbasilyk der nei alle gedachten útsjoen hat.
Ympresje fan hoe't de Alde Sint-Pitersbasilyk der nei alle gedachten útsjoen hat.
Lokaasje
lânFlagge fan de Tsjerklike Steat Tsjerklike Steat
plakFlagge fan Rome Rome
koördinaten41° 54' N, 12° 27' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomBisdom Rome
wijd oanPetrus
Arsjitektuer
boujier4e iuw
sloopjier1505
Kaart
Alde Sint-Pitersbasilyk (Fatikaanstêd)
Alde Sint-Pitersbasilyk

De Sint-Pitersbasilyk (Italjaansk:Basilica di San Pietro) wie in basilika yn Fatikaanstêd dy't op it plak stie dêr't no de hjoeddeiske Sint-Pitersbasilyk stiet. It bouwurk waard yn it begjin fan de fjirde iuw boud troch keizer Konstantyn de Grutte.

Op it plak stie sûnt de 2e iuw de tombe fan Petrus, dy't hearde by it Fatikaanske begraafplak. Nei't keizer Konstantyn it kristendom legalisearre hie, liet er ferskate tsjerken bouwe yn it Romeinske Ryk. Ien dêrfan wie de Alde Sint-Piter.

It gebou dat er delsette liet hie in typyske basilikafoarm. Basilika's waarden sûnt de 2e iuw f.Kr. boud en hiene meastal in sekuliere betsjutting as rjochts- of bestjoerssintrum.

Troch de Roomsk-Katolike Tsjerke waard de Alde Sint-Piter beneamd ta basilica maior, tegearre mei trije oare tsjerken yn Rome. Yn de fyftjinde iuw wie de tsjerke lykwols ferfallen en waard besocht om de tsjerke te restaurearjen. Yn de sechstjinde iuw liet paus Julius II de tsjerke ôfbrekke en ferfange troch de hjoeddeistige Sint-Pitersbasilyk.

Yn 846 kamen Sarasenen (islamityske piraten) by Ostia oan lân en teagen op nei Rome. Sy plonderen de Sint-Pitersbasilyk en brochten grutte skea oan it gebou ta. It grêf fan Sint-Piter waard skeind en de goudene doarren waarden rôve.

Plattegrûn fan de âlde Sint-Pitersbasilyk

It gebou bestie út in skip mei oan beide siden twa sydskippen. Sy waarden fan inoar skieden troch fjouwer rigen fan 21 moarmeren pylders. De pylders waarden op 'e nij brûkt út eardere, net-kristlike bouwurken. De basilyk wie mear as hûndert meter lang.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:FR