Ald Terp
Ald Terp | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Ie | |
Oar | ||
Postkoade | 9131 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 07' E[1] | |
Offisjele webside | ||
Side fan Ie | ||
Kaart | ||
Ald Terp is in buorskip yn it doarpsgebiet fan Ie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Ald Terp leit noardeastlik fan Ie, noardwestlik fan Ingwierrum en súdwestlik fan Iesumasyl en bestiet út trije huzen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon tinke dat de terp yn 'e 7e iuw ûntstien is. Tsjin de noardkant fan de terp leit Obbemastate, no in pleats, earder in stins (Obbe betsjut âld). Oerbliuwsels fan it fûnemint binne der noch.
Yn de 16e iuw waard Ald Terp neamd as Older Torp en Alderterp. Yn 1718 en 1850 waard it neamd as Oudterp. Letter yn de 19e iuw ferskynde de stavering Oudeterp.
Ald Terp lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 ûnder de gemeente Dongeradiel, wêrnei't dy opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.