Springe nei ynhâld

Ald Oatmarsum

Ut Wikipedy
Ald Oatmarsum
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
GemeenteDinkellân
Sifers
Ynwennertal310 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak7,48 km²,
dêrfan lân 7,45 km²
dêrfan wetter 0,03 km²
Kaart
Ald Oatmarsum (Oerisel)
Ald Oatmarsum
Lizzing fan Ald Oatmarsum yn Oerisel
Kaart
Lokaasje fan Ald Oatmarsum yn 'e gemeente Dinkellân

Ald Oatmarsum (Nedersaksysk: Oald Oatmöske) is in doarp yn 'e gemeente Dinkellân, yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. It doarp leit tsjin de beboude kom fan Oatmarsum oan en hearde oars as de namme docht tinken foar de gemeentlike weryndieling by de gemeente Denekamp

Ald Oatmarsum hat 310 ynwenners (1 jannewaris 2023)[2] en stiet bekend om it kloatsjitten, dat yn 'e omkriten beoefene wurdt. It doarp hat de grutste kloatsjitferiening fan it lân en hat in eigen baan foar dizze sport.

In pleats yn Ald Oatmarsum (1966).

Ald Oatmarsum is in lyts boeredoarp dat tichteby it natuergebiet Springendal leit. Troch Ald Oatmarsum rint in trochgeande strjitte, de Laagsestraat, dy't it doarp midstwa dield.

Ald Oatmarsum hat ferskate buorskippen, wêrûnder Postelhoek (besteande út Achterpostel en Voorpostel), Ottershagen en Nutter. De tradisjonele boustyl yn it gebiet is in fariant fan 'e styl fan 'e hallehûspleatsen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Sintraal Buro Statistyk
  2. ↑ Sintraal Buro Statistyk

Dinkellân
Stêd:
Oatmarsum
Doarpen:
Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo
Buorskippen:
Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke
Wetter:
Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek
· · Berjocht bewurkje