Ald Grifformearde tsjerke (Feanwâlden)
Appearance
(Trochferwiisd fan Ald Grifformearde Tsjerke (Feanwâlden))
| Ald Grifformearde Tsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Boargemaster Faberwei 3 | |
| koördinaten | 53° 14' N 5° 59' E | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1920 | |
| Webside | ||
| Side fan de gemeente | ||
| Kaart | ||
De Tsjerke fan de Ald Grifformearde Gemeente yn Feanwâlden stiet oan de Boargemaster Faberwei en waard yn 1920 boud.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerkje waard yn 1920 boud foar de kristlik-grifformearde gemeente, mar in skeel soarge yn 1954 foar in skuorring yn de gemeente. Der ûntstiene dêrnei twa ferskillende gemeenten: in kristlik-grifformearde gemeente dy't harren tsjerke oan de Stasjonswei krigen en in âld-grifformearde gemeente dy't it tsjerkje oan de Boargemaster Faberwei hold.
It âld-grifformearde tsjerkje is de iennige tsjerke fan it tsjerkegenoatskip yn de trije noardlike provinsjes. De tsjerklike gemeenten dy't it measte tichteby lizze binne yn Rouveen en Urk.[1]
Yn de tsjerke is plak foar likernôch 100 minsken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
