Menintingiisfûgel
| Menintingiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alcedo meninting | ||||||||||||
| Horsfield, 1821 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Menintingiisfûgel (Alcedo meninting) is fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte liket in soad op 'e gewoane iisfûgel. De fûgel is ferneamd nei in plakje oan 'e westlike kust fan Lombok.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lykas de gewoane iisfûgel is de Menintingiisfûgel likernôch 15 sm lang. It ferskil is dat de Menintingiisfûgel djipper fan kleur. De búk is wat donkerder oranje en it blau op 'e wjukken en op 'e kop is ek donkerder blau.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de measte soarten iisfûgels libbet yn 'e tropen fan Yndia oant Yndoneezje op it eilân Lombok. De Menintingiisfûgel komt meastentiids foar oan rivieren en beken fan it leechlânreinwâld, mar ek yn sompen en mangrovebosken oan 'e kust.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde fiif ûndersoarten erkend:
- Alcedo meninting meninting: komt foar yn it suden fan Malakka, Borneo, it suden fan 'e Filipinen, it súdwestlike part fan Sûlawezy, de Sûla-eilannen, Sumatra, Java, Baly en Lombok.
- Alcedo meninting rufigastra: Andamanen.
- Alcedo meninting phillipsi: it suden fan Yndia en Sry Lanka.
- Alcedo meninting coltarti: it noarden fan Yndia oant yn Yndosina.
- Alcedo meninting cintillans: it noarden fan Malakka.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, sadat de kâns op útstjerren lyts is. Hoe grut de populaasje is, is net bekend. De soarte komt nearne algemien foar en nei alle gedachten rinne de oantallen tebek. Dat tebekrinnen is net mear as 30% yn 'e 10 jier en sadwaande wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Echte iisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
