Springe nei ynhâld

Javaanske blaubâniisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alcedo euryzona)
Javaanske blaubâniisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiechte iisfûgels (Alcedo)
soarte
Alcedo euryzona
Temminck, 1830
IUCN-status: krityk

De Javaanske blaubâniisfûgel (Alcedo euryzona) is in tige seldsume fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De soarte is in lytse, frij donkere iisfûgel fan 17 sm lang en weaget 38 oant 39 gram. De fûgel hat in swarte kroan en donkere fearren mei blauwe einen op 'e nekke en wangen. De rêch en mantel binne glânzgjend donkerblau en de stút is ljochtblau mei in sulvereftige glâns. De slachpinnen en de sturt binne donkerblau.

It mantsje hat in brede, blaugriene bân oer in wyt boarst. It wyfke is hiel oars en hat in readbrune búk en ferskilt fan 'e gewoane iisfûgel troch in doffere, donkerder kleuring en it ûntbrekken fan in helder wyt mei oranje plak efter it each.

De soarte is endemysk op it eilân Java. De biotoop fan 'e fûgel bestiet út streamende, rotseftige beken en rivieren troch grienbliuwend bosk oant in hichte fan 1.000 m.

De soarte rint in ekstreem heech risiko om út te stjerren. De hiele populaasje is tige lyts (neffens rûzing minder as 250 folwoeksen fûgels). Oannommen wurdt boppedat de soarte stadichoan ôfnimt troch it ferlies en degradaasje fan geskikt biotoop. Dêrfandinne stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as krityk (earnstich bedrige) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: