Springe nei ynhâld

Albert (Somme)

Ut Wikipedy
Albert
Stedhûs
Stedhûs
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintSomme
BoargemasterArrondissemint
Sifers
Ynwennertal9.521 (2023)[1]
Oerflak13.80 km²
Befolkingsticht.689.9 ynw./km²
Hichte42-121 m
Oar
Postkoade80300
Offisjele webside
www.ville-albert.fr
Kaart
Albert (Frankryk)
Albert
Kaart
Stedhûs

Albert is in stêd en gemeente yn it departemint Somme yn 'e regio Hauts-de-France yn it noarden fan Frankryk. De gemeente makket diel út fan it arrondissement Péronne. De ynwenners wurde Albertins neamd. Troch de gemeente rint it rivierke de Ancre.

De stêd waard yn 'e Earste Wrâldkriich folslein ferneatige.

Yn 'e Gallo-Romeinske tiid lei oan 'e Romeinske wei Chaussée Brunehaut tichtby in brêge oer de Ancre al in delsetting. Albert, doe Ancre neamd, krige yn 1178 stedsrjochten. De stêd krige syn hjoeddeiske namme om 1620 hinne en waard ferneamd nei Karel d'Albert, hartoch fan Luynes, in favoryt fan kening Loadewyk XIII dy't de nije gûverneur fan 'e stêd waard as opfolger fan 'e yn ûngenede fallen en fermoarde Concino Concini. De stêd waard ferskate kearen ynnommen en ferneatige.

Yn 1727 waard in byld fan 'e Jongfaam Marije, dat nei alle gedachten troch in hoeder fûn waard, yn 'e parochytsjerke fan Albert set. Oan dy "Notre-Dame de Brebières" waarden mirakels taskreaun en Albert waard in soad besocht troch pylgers. De pylgertochten krigen in nije ympuls yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw nei de iepening fan it treinstasjon. Dêrom waard sûnt 1885 de Basilyk fan Notre-Dame de Brebières boud.

Earste Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Albert nei de Easte Wrâldkriich.

Nei de Earste Slach oan 'e Marne waard de stêd op 29 augustus 1914 troch de Dútsers ynnaam. Op 13 septimber oermasteren Britten de stêd werom, mar de stêd bleau sawat 3 km fan it front. It hiele stedssintrum, it treinstasjon en de fabriken waarden yn 'e folgjende moannen ferneatige troch Dútske bombardeminten. Sûnt july 1916 ferskode it front fierder nei it noarden. Op 26 maart 1918 namen de Dútsers de stêd op 'e nij yn. Sûnt april waard de stêd ûnderwurpen oan Britske bombardeminten. Op 23 augustus 1918 waard de folslein ferneatige stêd lang om let befrijd.

Yn 'e jierren 1920 en 1930 waard de stêd werboud yn in homogene styl. De basilyk is it ienige gebou dat werboud is neffens it orizjinele ûntwerp.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwikkeling befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier179318511876190119261946195419621982
Ynwenners 2.0003.5074.5007.3486.7208.9008.99110.24710.894
Jier199920122022
Ynwenners 10.0659.8999.658
Boarnen, noaten en/as referinsjes: