Easterske ljurk
| Easterske ljurk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Alauda gulgula | ||||||||||||
| Franklin, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De easterske ljurk (Alauda gulgula) is in fûgel yn it skaai fan 'e ljurken (Alaudidae) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgel libbet yn iepen gebieten fan Yndia, Súdeast-Aazje en Sina, dêr't er sied en ynsekten yt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Easterske ljurken wurde sawat 16 sm lang. Se hawwe boppe in gielbrún fearrekleed mei in strekepatroan. De bûtenste sturtfearren binne wyt. De fûgel hat in koarte túf. Beide skaaien binne ferlyker.
De easterske ljurk ferskilt fan 'e Euraziatyske ljurk. Hy is lytser en hat in langere en spitsere snaffel. De bûtenste sturtfearren binne bleker en hy mist yn 'e flecht de wite efterrâne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet meastentiids yn iepen gebieten mei koarte fegetaasje, lykas greiden, sompen, rânen fan marren, ensfh. De soarte mijt boskgebieten, alhoewol't er ek yn grutte iepen boskplakken sjoen wurdt. Hy oerwinteret yn 'e súdlike dielen fan syn ferspriedingsgebiet.
Der wurde trettjin ûndersoarten erkend:
- A. g. lhamarum (de lytse Kasjmierljurk): libbet yn it Pamirberchtme en de westlike Himalaya.
- A. g. inopinata: Wurdt op it Tibetaanske Plato en noardwestlik Sina oantroffen.
- A. g. vernayi: Wurdt yn 'e eastlike Himalaya en súdwestlik Sina sjoen.
- A. g. inconspicua: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Libbet fan súdlik Kazachstan oant eastlik Iran, Pakistan en noardwestlik Yndia.
- A. g. gulgula: Wurdt fan Noard- en Sintraal-Yndia oant Sry Lanka en eastlik oant noardlik Yndosina oantroffen.
- A. g. dharmakumarsinhjii: Wurdt oantroffen yn West- en Sintraal-Yndia.
- A. g. australis: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt yn súdwestlik Yndia oantroffen.
- A. g. weigoldi: Wurdt yn Sintraal- en East-Sina oantroffen.
- A. g. coelivox: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt yn súdlik en súdeastlik Sina, noardlik Fjetnam.
- A. g. sala: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt op it eilân Hainan (foar Súdeast-Sina) oantroffen.
- A. g. herberti: Wurdt fan Sintraal- en East-Tailân oant Súd-Fjetnam oantroffen.
- A. g. wattersi: Oarspronklik beskreaun as in aparte soarte. Wurdt oantroffen yn Taiwan.
- A. g. wolfei: Wurdt op Luzon (noardlike Filipinen) oantroffen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se ite sied en ynsekten. De soarte fleant faak omheech yn 'e loft, wjukkelt en sjongt foardat er wer delkomt. Manlike easterske ljurkjes kinne ek yn 'e loft sweve en sjonge om in wyfke te ynteresearjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is grut. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt fanwegen ferlies fan habitat, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de populaasje dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025). Der bestiet gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte is algemien yn Pakistan, lokaal algemien yn Yndia, en frij algemien yn Nepal.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Ljurk
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

