Ljurken
Appearance
(Trochferwiisd fan Alauda)
| Ljurken | ||
| (Euraziatyske) ljurk | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| famylje: | ljurkfûgels (Alaudidae) | |
| skaai: | ljurken (Alauda) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
Ljurken (Alauda) foarmje in skaai fan sjongfûgels út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae).
It binne middelgrutte sjongfûgels mei in meast brún en streke fearrekleed, in tige goed kamûflaazjekleed yn iepen lânskippen. De soarte kent gjin seksueel dimorfisme. De stevige snaffel is geskikt foar it iten fan sied, mar yn it briedseizoen ite de fûgels ek ynsekten.
Ljurken binne sterk oan 'e grûn bûn en briede ek op 'e grûn, meast yn in kûltsje of nêst tusken lege begroeiïng. It baltsgedrach is opfallend: mantsjes meitsje in sangflecht en bliuwe heech boppe de grûn hingjen. De fûgels ha in foarkar foar iepen lânskip lykas ikkers, steppes en healwoastyn.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status Trend |
|---|---|---|---|---|
| Alauda arvensis | ljurk | Europa, Aazje, Midden-Easten | net bedrige stabyl[1] | |
| Alauda gulgula | Easterske ljurk | iepen gerslân fan Súd-, Sintraal- en East-Aazje, fan it Midden-Easten en Yndia oant Súdeast-Aazje en de Filipinen | net bedrige ôfnimmend[2] | |
| Alauda leucoptera | wytwjukljurk | steppes East-Europa, Sintraal-Aazje | net bedrige ôfnimmend[3] | |
| Alauda razae | Rasoljurk | Kaapverdje | krityk stabyl[4] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
