Springe nei ynhâld

Oankeap fan Alaska

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alaska-oankeap)
De sjek fan $7,2 miljoen dêr't de Oankeap fan Alaska mei betelle waard.

De Oankeap fan Alaska of de Alaska-oankeap (Ingelsk: Alaska Purchase; Russysk: Продажа Аляски, Prodaža Aljaski, letterlik: "Ferkeap fan Alaska") wie de oername troch de Feriene Steaten fan 'e ferlieslijende koloanje Russysk-Amearika fan it Keizerryk Ruslân yn 1867. It gebiet dat dêrmei muoid wie, en dat neitiid offisjeel de namme Alaska krige, besloech 1.717.856 km² (wêrfan 13,8% wetter) en hie in befolking fan tusken de 33.500 (neffens de Amerikaanske folkstelling fan 1880) en 39.800 (neffens in Russyske telling út 1839) persoanen. De Feriene Steaten betellen foar Alaska in bedrach fan 7,2 miljoen Amerikaanske dollars. De formele oerdracht fûn plak op 18 oktober 1867.

Yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw kolonisearren keaplju út it Keizerryk Ruslân omreden fan 'e lukrative pelshannel it diel fan Noard-Amearika dat oarekant de Beringsee lei, sjoen fanút it Fiere Easten fan Sibearje. Dat gebiet waard lykwols pas feitlik yn it Russyske Ryk ynkorporearre by de Oekaze fan 1799, dy't formeel de koloanje Russysk-Amearika kreëarre. It bestjoer fan dat gebiet waard oerlitten oan 'e Russysk-Amerikaanske Kompanjy, dy't der mei in hannelsmonopoalje bejeftige waard, wylst ek oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke beskate rjochten ferliend waarden. Fan it begjin ôf oan koe de koloanje himsels mar amper bedrippe, en geandewei de njoggentjinde iuw moast der hieltyd mear jild op talein wurde.

Sadwaande begûn tsaar Aleksander II fan Ruslân yn 'e neisleep fan 'e Krimoarloch (1853-1856), dy't de Russyske steat op 'e râne fan it bankrot brocht hie, om te sjen nei mooglikheden om Russysk-Amearika te ferkeapjen. Ofsjoen fan 'e finansjele omtinkens spile ek in rol dat Ruslân it yn 'e Krimoarloch opnommen hie tsjin it Osmaanske Ryk, Frankryk en it Feriene Keninkryk, en dat Russysk-Amearika net te ferdigenjen wêze soe as de Britten der út Kanada wei binnenfoelen. Yn 'e winter fan 1859 op 1860 hifken de Russen de Feriene Steaten om te sjen oft dy ek belang hiene by de koloanje. De resultaten wiene foarsichtich posityf, mar doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, hie it Amerikaanske regear oare soargen en kamen de besprekkings logyskerwize stil te lizzen.

De ûnderhannelings oer de Oankeap fan Alaska wurde ôfrûne op 30 maart 1867. Sittend yn 'e midden William H. Seward en steand mei de hân op 'e wrâldbol Edûard de Stoeckl.

Nei de ein fan 'e boargeroarloch, yn 1865, sette de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken William H. Seward útein mei ûnderhannelings oer de mooglike oankeap fan Russysk-Amearika mei syn Russyske amtsgenoat Edûard de Stoeckl. Presidint Andrew Johnson hie op dat stuit slimme swierrichheden oer de útfiering fan 'e Weropbou fan it yn 'e boargeroarloch fierhinne ferwoastge Amerikaanske Suden, wylst Seward sels deilis rekke wie mei ferskate oare leden fan syn eigen Republikeinske Partij. Los fan Seward syn oertsjûging dat it in ferstannige oankeap wie, hopen hy en Johnson ek dat de oankeap de oandacht fan oare saken ôfliede soe.

Uteinlik waarden de ûnderhannelings ôfrûne op 30 maart 1867, nei't de ûnderhannelers in hiele nacht trochhelle hiene. De priis fan Russysk-Amearika waard fêstlein op $7,2 miljoen (omrekkene yn jild fan 2018 $109 miljoen), oftewol 2 dollarsint de acre (= $4,74 de km²). Noch dyselde deis waard de oerienkomst mei in romme mearderheid troch de Amerikaanske Senaat ratifisearre. Yn 'e media wiene der mingde reäksjes. Guon lju fûnen de oankeap in positive stap, mei't se der in geunstige ynfloed fan ferwachten op 'e hannel mei Aazje. Oare minsken fûnen it weigoaid jild, en neamde de oankeap Seward's Folly ("Sewards Dwaasheid") of ek wol Seward's Icebox ("Sewards Frieskiste"). De tsjinstanners riddenearren dat Russysk-Amearika, of Alaska, sa't it no kaam te hjitten, weardeleas lân wie, te kâld foar lânbou en kolonisaasje, en nearne oars goed foar.

De opperhaden fan 'e Tlingit hâlde oant hjoed de dei út dat Ruslân hielendal net it rjocht hie om Súdeast-Alaska te ferkeapjen, mei't de lânseigen befolking it gebiet nea ôfstien hie. Utslutend Castle Hill, by Sitka, dat Aleksander Baranov yn 1795 fan 'e pleatslike Tlingit kocht hie, wie Russyske grûn, en fierders wie alle lân fan 'e Tlingit yn 1867 noch fan harrensels en fan nimmen oars. Ek oare groepen fan 'e lânseigen befolking fan Alaska hâlde út dat se harren lân nea ôfstien hiene oan 'e Russen. Nei de oankeap ferlearen se dat lân lykwols mei gauwens oan 'e Amerikanen. Pas yn it lêste trêdepart fan 'e tweintichste iuw waarden de lânoanspraken fan 'e lânseigen befolking serieus nommen en fêstlein yn 'e Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) fan 1971.

De formele oerdracht fan Russysk-Amearika oan 'e Feriene Steaten fûn plak op 18 oktober 1867, wêrby't yn Sitka, de doetiidske haadstêd fan Alaska, de Russyske flagge strutsen en de Amerikaanske flagge hyst waard. Nei de Oankeap fan Alaska ferlieten frijwol alle rom 800 Russyske kolonisten Alaska. De measten kearden werom nei Sibearje, wylst guon nei it Amerikaanske Noardwesten emigrearren. Lykas foarsein troch de tsjinstanners kaam de Amerikaanske kolonisaasje fan it nije gebiet mar stadich op gong, mar doe't der by de Goudkoarts fan Klondike, yn 1897, goud yn 'e grûn bliek te sitten, skeat it ynwennertal fan Alaska ynienen omheech. Letter fynsten fan benammen ierdoalje en ierdgas bewiisden dat it plan fan Seward foar de oanskaf fan Alaska in wize, foarútsjende set west hie. Nei de Oankeap waard it gebiet yn 'e foarm fan it Departemint Alaska in ûnorganisearre territoarium, dat yn 1884 herfoarme waard ta it Distrikt Alaska. Yn 1912 ûntstie dêrút it Territoarium Alaska, dat úteinlik yn 1959 as de foarlêste fan 'e fyftich Amerikaanske steat yn 'e Uny opnommen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.