Alaotramar
| Alaotramar | ||
| De Alaotramar sjoen út 'e romte | ||
| geografy | ||
| lân | ||
| regio | Alaotra-Mangoro | |
| sifers | ||
| maks. lingte | 38 km | |
| maks. breedte | 9,5 km | |
| oerflak | 900 km² | |
| djiptegemiddelde | 0,6 m | |
| djipste punt | 1,5 m | |
| wetterfolume | 0,945 km³ | |
| kaart | ||
De Alaotramar is de grutste mar fan Madagaskar. De mar leit yn 'e regio Alaotra-Mangoro, op it noardlik-sintrale heechlân fan it eilân. It bekken bestiet út ûndjippe swietwettermarren en sompen, omfieme troch gebieten mei tichte begroeiïng. De mar foarmet it sintrum fan 'e wichtichste rysbouregio fan it eilân. It is in ryk leefgebiet foar wylde dieren, dêr't ek guon seldsume en tige bedrige soarten foarkomme. Foar de lokale befolking is it in wichtich fiskerijgebiet.
De mar fan Alaotra en de omlizzende puollen beslaan meiïnoar 7.223 km². Dêrby hearre ferskate soarten leefgebieten, lykas iepen wetter, reidfjilden, sompen en rysfjilden. De mar sels hat in oerflak fan 900 km². Op 2 febrewaris 2003 waard de Alaotramar ûnder it ynternasjonale Ramsarferdrach oanwiisd as sompelân fan ynternasjonaal belang.
Yn 1954 waard de op it fêstelân fan Afrika libjende fisksoarte Oreochromis macrochir yn 'e mar útset. De soarte fermannichfâldige him dêr fluch en yn 1957 makke dy fisk al 46% fan 'e fangst fan 'e fiskers út.

De fruchtbere flakte om 'e mar fan Alaotra hinne is de wichtichste rysprodusearjende regio fan Madagaskar. De heuvels om 'e mar hinne wiene eartiids beboske, mar binne de lêste desennia foar it grutste part ûntboske om plak te meitsjen foar lânbou. Swiere eroazje op dizze kwetsbere hellingen hat in soad sedimintôfsetting yn 'e mar feroarsake. Dêrtroch ferdwynt de mar hurd; yn it drûge seizoen is de mar noch mar 60 sintimeter djip. De druk om mear rysfjilden oan te lizzen hat der ek ta laat dat bewenners de reidfjilden om 'e mar hinne ferbaarne.
De Ambatorivier bringt wetter nei de mar en fiert ek wetter út 'e mar wei. De ôffier fan wetter giet troch de Maningory, dy't yn 'e Yndyske Oseaan útmûnet.
Fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reidfjilden foarmje it iennichste leefgebiet fan 'e Alaotralemuer (Hapalemur alaotrensis). Dizze lemuer komt foar yn noch mar 220 km² oan oerbleaune reidfjilden. De populaasje fan dizze lemuer is tige bot krompen, benammen troch ferlies fan leefgebiet, mar ek troch de jacht troch doarpsbewenners.
De mar is ek it plak dêr't de flinter Artitropa alaotrana foar it earst beskreaun waard.
It is in wichtich, mar hieltyd mear bedrige leefgebiet foar wetterfûgels, wêrûnder de bedrige Madagaskarein (Anas melleri)'. Twa soarten wetterfûgels wiene endemysk foar noardlik Madagaskar: de Madagaskardûkein (Aythya innotata) en it Alaotradûkerke (Tachybaptus rufolavatus). De Madagaskardûkein wurdt krityk bedrige en komt net mear yn 'e mar foar, hoewol't de soarte earne oars noch yn tige lytse oantallen foarkomt. It Alaotradûkerke dêrfoaroer waard yn 2010 útstoarn ferklearre. It gebiet om 'e mar hinne wie nei alle gedachten it iennige gebiet dêr't it Alaotradûkerke foarkaam.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
