Kiesrjocht
Appearance
(Trochferwiisd fan Aktyf kiesrjocht)
It kiesrjocht is it rjocht om mei te dwaan oan ferkiezings. Aktyf kiesrjocht (of stimrjocht) is it rjocht om by ferkiezings in stim út te bringen op in kandidaat, partij as oare kwestje dêr't oer stimd wurdt. It passyf kiesrjocht is it rjocht om jinsels ferkiesber te stellen foar in beskate funksje.
Yn Fryslân wie oant 1795 de bestjoerlike ynrjochting hielendal basearre op it kiesrjocht dat keppele wie oan besit fan stimhawwende pleatsen. De eigners fan dy pleatsen mochten in stim útbringe wa at keazen waard foar bestjoerlike, tsjerklike as rjochterlike amten yn it doarp en yndirekt by de gritenij en de provinsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|