Springe nei ynhâld

Ahmed Boughéra El Ouafi

Ut Wikipedy
Ahmed Boughéra El Ouafi
sporter
Ahmed Boughéra El Ouafi (1928)
Ahmed Boughéra El Ouafi (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAhmed Boughéra El Ouafi
nasjonaliteit Frânsk
Flagge fan Algerije Algerynsk
bertedatum15 oktober 1898
berteplakOuled Djellal
stjerdatum18 oktober 1959
stjerplakParys flagge fan Frankryk
lingte1.70 m
gewicht59 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielMaraton
O.S.Parys 1924,
Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928

Ahmed Boughéra El Ouafi (Ouled Djellal, 15 oktober 1898 - Parys Frankryk, 18 oktober 1959) wie in Algerynsk lange-ôfstânsdraver dy't útkaam foar Frankryk.

Bouguera El Ouafi waard berne yn Algerije, doe in Frânske koloanje. Syn atletyske talinten waarden opmurken doe't er yn tsjinst gie by it Frânske leger, by it 25e rezjimint skutters, en makke sadwaande de lêste moannen fan de Earste Wrâldkriich mei, benammen de besetting fan it Ruhrgebiet dat folge op de wapenstilstân fan 11 novimber 1918.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, op de maraton yn in tiid fan 2:32:57 oere.

Nei syn ferrassende oerwinning gie El Ouafi tusken 1928 en 1930 nei de Feriene Steaten, om dêr foar jild yn it sirkus tsjin minsken en bisten te rinnen. It jild dat er hjirmei fertsjinne diskwalifisearre him as amateur, dus hold er op mei atletyk en iepene er in kafee yn Parys.

Ahmed Boughéra El Ouafi waard op 18 oktober 1959, yn 'e âldens fan 61 jier, fermoarde troch leden fan it Front de libération nationale om't er wegere hie om harren te stypjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: