Springe nei ynhâld

Agnes Obel

Ut Wikipedy
Agnes Obel yn it Cirque Royal yin Brussel yn 2011

Agnes Caroline Thaarup Obel ( Kopenhagen, 28 oktober 1980 ) is in Deenske singer/songwriter.

Obel komt út in muzikale famylje en trochrûn it Det frie gymnasium en studearre oan de Universiteit fan Roskilde. Obel spile yn de band Sohio en in oktober 2010 kaam har earste solo-cd Philharmonics út fia PIAS. Obel spilet meast tegearre mei de Dútske selliste Anne Ostsee (Anne Müller). Yn 2011 wie se te sjen op Into the Great Wide Open op Flylân.

Hja spile in roltsje yn de koarte folm Drengen der gik baglæns út 1995 van Thomas Vinterberg.

By de Deenske Muzykprizen yn novimber 2011 wûn Obel fiif prizen, wêrûnder Bêste Album en Bêste Debútartyst.[3] Har twadde album, Aventine (2013), krige positive resinsjes en kaam yn 'e top 40 fan 'e hitlisten yn njoggen lannen.

Obel's tredde album, Citizen of Glass (2016), krige lof fan muzykkritisy en wie de IMPALA Album fan it Jier Award 2016.[4] Yn 2018 kurearre en spile se in kompilaasjealbum foar de Late Night Tales-searje, mei de titel Late Night Tales: Agnes Obel. It befettet artysten lykas Nina Simone, Henry Mancini, Ray Davies, Michelle Gurevich, Can, en Yello. Har fjirde album, Myopia, waard útbrocht yn febrewaris 2020.

  • 2010 - Philharmonics
  • 2013 - Aventine
  • 2016 - Citizen of Glass
  • 2020 - Myopia

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]