Agathonisi
| Agathonisi Αγαθονήσι | ||
| Haven. | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Egeyske See | |
| ûnderdiel fan | Dodekanesos | |
| lân | ||
| koördinaten | 37° 27' N 26° 58' E | |
| algemien | ||
| ynwennertal | 185 (2011) | |
| sifers | ||
| maks. lingte | 7,5 km | |
| maks. breedte | 3,4 km | |
| oerflak | 14.5 km² | |
| heechste punt | Dendra (209 m) | |
| webside | ||
| agathonisi.gr | ||
| kaart | ||
Agathonisi (Gryksk: Αγαθονήσι ) is in lyts Gryksk eilân op it noardlikste punt fan 'e Dodekanesos. It wurdt omklamme troch in soad lytsere eilannen en der lizze twa doarpen yn it binnenlân: Megalo Chorio ("Grut Doarp") en Mikro Chorio ("Lyts Doarp"). Dêrtusken leit de lytse delsetting Agios Georgios (Sint-Joaris) mei de iennige haven fan it eilân, dêr't in pear hotels en restaurants steane. It eilân is ek lokaal bekend as Gaidaro ("Ezel"), of mei syn âlde namme Tragea. Agathonisi is te berikken mei de boat fanút Patmos.
It heechste punt op it eilân is 209 meter boppe seenivo. Dy hichte leit tichteby Mikro Chorio. It eilân hat in oerflak fan 13,5 fjouwerkante kilometer en bestiet hast hielendal út mei strûken begroeide kalkstien.
Oan 'e ein fan 'e jierren 1920 hie it eilân 80 ynwenners dy't mei yn lânbou en it hâlden fan skiep troch de tiid kamen. Ut de folkstelling fan 1981 die bliken dat it eilân befolke waard troch 133 minsken. Yn 1991 wie it tal bewenners sakke nei 112, mar by de folkstelling fan 2001 wie de befolking wer groeid nei 158 ynwenners en yn 2011 nei 185. De measten dêrfan wenje yn Megalo Chorio.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Agathonisi fan Wikimedia Commons. |
| Dodekanesos | ||
|---|---|---|
Agathonisi • Alimnia • Arkoi • Armatia • Astakida • Astypalaia • Chalki • Chamili • Farmakonisi • Gaidaros • Gyali • Kalolimnos • Kalymnos • Kandelioussa • Karpatos • Kasos • Kastellorizo • Kinaros • Kos • Leros • Lebintos • Lipsi • Marati • Nimos • Nisyros • Pacheia • Patmos • Plati, Pserimos • Rho • Rodos • Simi • Strongyli • Syrna • Telendos • Tilos • Zafora | ||