Springe nei ynhâld

Agamireager

Ut Wikipedy
Agamireager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaiagamireagers (Agamia)
soarte
Agamia agami
Gmelin, 1789
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

De agamireager (Agamia agami) is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.

De Agamireager is in middelgrutte reager fan 66 oant 76 sintimeter lang. De boppekant fan 'e kop en de sydkanten fan it gesicht binne blauswart. Syn túf bestiet út lange, tinne fearren dy't ljochtblau oant sulverwyt binne en yn 'e briedtiid wol 12,5 sm lang wurde kinne. Ek hat de fûgel in opfallend lange, tinne en dolkfoarmige snaffel fan 14 oant 16 sintimeter lang. It stikje bleate hûd tusken de snavel en it each (de team) is normaal giel oant gielgrien, mar kin yn 'e briedtiid ferkleurje nei read. De nekke en de ûnderkant binne kastanjebrún mei in wite streek yn it midden fan 'e hals en grienglânzgjende wjukken. De soarte hat foar in reager relatyf koarte poaten. De eagen binne readbrún oant oranje.

Juvenyl.

Juvenilen ha meast brune boppedielen mei in wite foarhals en ûnder brún-wyt streke.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt foar yn Midden- en Súd-Amearika. Syn leefgebiet rint fan it súdeasten fan Meksiko troch hiel Midden-Amearika oant it Amasônebekken yn Súd-Amearika.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is ûnbidich grut, mar de fûgel wurdt selden sjoen om't er him ophâldt yn tichte, sompige bosken en by skaadrike streamkes. De measte bekende briedkoloanjes lizze yn Kosta Rika, Guyana en Meksiko, mar der binne ek lytse koloanjes fûn yn it Amasônebiet fan Perû en Ekwador.

De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.

Agamireagers briede yn koloanjes dy't somtiden wol út 900 nêsten besteane. Dat dogge se op plakken dy't foar rôfdieren dreech te berikken binne, lykas beammen dy't yn it wetter steane of op eilantsjes yn sompen. Yn Midden-Amearika wurdt der faak fan juny oant septimber bret. Yn 'e briedtiid brûke se harren lange blauwe sierfearren om yndruk te meitsjen op harren partner. It nêst is in sleau platfoarm, dat faak 1 oant 2 m boppe it wetter hinget. It wyfke leit meastentiids 2 oant 4 blaugriene aaien. Beide âlden helpe by it brieden en it fuorjen fan de jongen troch fisk op te koarjen.

De Agamireager hat op 'e Reade list fan 'e IUCN de status hast bedrige (Near Threatened, 2023). De fûgel wurdt bedrige troch de grutskalige ûntbosking yn it Amasônebekken en dêrmei ferdwine ek de skaadrike streamkes en sompen dêr't de fûgel fan ôfhinklik is. De fûgels briede mar op in pear spesifike lokaasjes yn grutte groepen en as sa'n koloanje fersteurd wurdt troch minsken hat dat fuort in grutte ynfloed op 'e populaasje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: