Agajers

Ut Wikipedy

Agajers is de beneaming dy't troch de Grykske skriuwer Homerus brûkt wurdt om it folk fan de Griken mei oan te tsjutten. Tsjintwurdich is it de namme foar in part fan de âlde Grykske befolking, te witten de hoeders fan de Myseenske kultuer.

Om-ende-by 1900 f.Kr. krongen Yndo Jeropeekse stammen it Grykske skiereilân binnen en stiften dêr de earste beskaving fan Jeropa. De Homearyske "langhierrige Agajers" makken diel út fan de Myseenske beskaving en dominearen fan ôf goed 1600 f.Kr. it Grykske fêstelân. Yn harren kultuer wie in soad ynteresse foar wapens, hynders en snelle weinen.