Afrikaanske woffer
| Afrikaanske woffer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Botaurus sturmii | ||||||||||||
| Wagler, 1829 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel stânfûgel |
De Súdamerikaanske reiddomp (Botaurus sturmii, synonym: Ixobrychus sturmii) is in fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels dy't yn Afrika besuden de Sahara libbet.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske woffer is in tige lytse reiddomp mei in lingte fan likernôch 27 oant 30 sintimeter. De fûgel heart ta de famylje fan 'e reagers, mar is folle kompakter en hat koarte, rûne wjukken. It fearrekleed fan 'e boppekant is leadgriis en sûnder dúdlike tekening. De ûnderkant is gielbêzje mei rûge swarte streken. De snaffel is giel mei in donkere râne lâns de boppekant. De poaten binne ljochtgiel en de lange teannen hawwe in oranje kleur.
Dy teannen stekke yn 'e flecht dúdlik efter de sturt út, itjinge goed te sjen is as de fûgel fleant. De lange teannen helpe him om stabiliteit te hâlden by it lânjen en by it rinnen oer de sêfte, sompige grûn.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn Subsaharaansk Afrika en libbet benammen yn wetterrike gebieten lykas sompen, iggen fan rivieren, mangroves en op rysfjilden. Hy jaget benammen nachts op ynsekten en kikkerts, mar ek op lytse fisk, krabben, spinnen en slakken. By bewolke waar kin er ek oerdei aktyf wêze.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foar it brieden makket de fûgel in nêst fan twigen en planten, faak in heale oant fjouwer meter boppe it wetter yn in beam of strûk. Der wurdt in lyts tal aaien lein, dy't troch beide âlden bebret wurde.
Yn it súdlik part fan Afrika is de fûgel allinnich in briedfûgel yn 'e reintiid foar fan novimber oant april. As it drûge seizoen begjint yn maart en april migrearret dy populaasje nei noardeliker gebieten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e fûgel bestiet neffens in rûzing fan Wetlands International út 2023 út 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels. Om't it ferspriedingsgebiet grut is, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reiddomp
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy

