Afrikaanske tigerreiddomp
| Afrikaanske reiddomp | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tigriornis leucolopha | ||||||||||||
| Jardine, 1846 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Afrikaanske tigerreiddomp (Tigriornis leucolopha) is in seldsume, skouwe fûgelsoarte út de famylje reagerfûgels (Ardeidae). De soarte komt foar yn dielen fan West- en Sintraal-Afrika en is benammen bûn oan tichte, wiete boskhabitats. Alhoewol't de soarte in grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt oannommen dat de populaasje stadichoan yn oantal ôfnimt troch habitatferlies.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske tigerreiddomp is in middelgrutte reager mei in lingte fan likernôch 66 oant 80 sintimeter. De fûgel hat in lange, dolkfoarmige snaffel en in opfallend streke fearrepatroan yn swarte en gielbrune tinten, dat in goede kamûflaazje biedt yn syn skaadrike habitat. In karakteristyk skaaimerk is de wite túf op 'e kop, dy't faak tusken de nekkefearren ferside sitte en dêrom net altyd goed sichtber is. Yn 'e flecht liket de fûgel foar it grutste part donker, mei wite stippen op 'e hânfearren.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn ekwatoriaal Afrika, fan Senegal yn it westen oant Kameroen, Gabon, de Republyk Kongo, de Demokratyske Republyk Kongo, de Sintraal-Afrikaanske Republyk en it noarden fan Angoala. De Afrikaanske tigerreiddomp is de iennige soarte yn it skaai Tigriornis en wurdt as monotypysk beskôge; der binne gjin ûndersoarten beskreaun.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske tigerreiddomp libbet benammen oan boskrike iggen fan net grutte rivieren en yn mangrovesompen. It fûgel is tige skruten, dy’t benammen by it skimerjen en nachts aktyf is en him oerdeis meastentiids stilhâldt yn tichte fegetaasje. Troch dit hâlden en dragen wurdt de soarte komselden waarnommen.
It dieet bestiet út lytse fisken, skaaldieren, spinnen, ynsekten, kikkerts en byutiden ek lytse reptilen lykas slangen en hagedissen. Oer it briedgeddrach is net in soad bekend. It briedseizoen ferskilt per regio, mar liket faak gear te fallen mei perioaden fan tanimmende reinfal.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de Afrikaanske tigerreiddomp in grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt oannommen dat de soarte yn oantal ôfnimt, benammen troch ferlies en degradaasje fan gaadlik habitat. De delgong soe noch net sa slim wêze, dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. Dêrom wurdt de Afrikaanske tigerreiddomp klassifisearre as net bedrige (Least Concern, 2018).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske tigerreiddomp waard yn 1846 wittenskiplik beskreaun troch William Jardine. De skaainamme Tigriornis is ôflaat fan it Latynske tigris (tiger) en it Grykske ornis (fûgel), en ferwiist nei it streke fearrepatroan. De soartenamme leucolopha(e) komt fan it Grykske leukolophos, dat "mei in wite túf" betsjut, in ferwizing nei de karakteristike wite túf op ’e kop.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Afrikaanske tigerreiddomp
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Togo

