Afrikaanske swarte túfearn
| Afrikaanske swarte túfearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lophaetus occipitalis | ||||||||||||
| Kaup, 1847 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Afrikaanske swarte túfearn of Afrikaanske swarte toefearn (Lophaetus occipitalis) is in Afrikaanske fûgel dy't heart ta de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennige soarte út it monotypyske skaai Lophaetus. De wrâldpopulaasje wurdt as net bedrige beskôge.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Afrikaanske swarte túfearn is in lytse earn mei in lingte fan 53 oant 58 sm en in spanwiidte fan 112 oant 129 sm. De fûgel is donker fan kleur en hat in hiele lange túf op 'e kop. Skaaimerkend binne ek de wytbefearre "broek" op 'e poaten en de foar in grut part wite slachpinnen, dy't yn 'e flecht dúdlik te sjen binne. De sturt is swart-wyt bandearre en de flecht is rjocht mei ûndjippe wjukslaggen.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn Afrika besuden de Sahara, mear spesifyk fan Senegal en Gambia eastlik nei Eritreä en Etioopje, seldsum yn Somaalje, en fierder súdlik nei it noardeasten fan Namybje, it noarden fan Botswana, Simbabwe, Mozambyk en it easten en suden fan Súd-Afrika. Yn 'e drûchste dielen fan súdlik Afrika ûntbrekt de soarte.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske swarte túfearn wurdt as iennige soarte yn it skaai Lophaetus set. DNA-stúdzjes litte sjen dat syn nauwste sibben nei alle gedachten de Yndyske swarte earn (Ictinaetus malaiensis) en de krytearnen yn it skaai Clanga binne. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat er net ûnderferdield wurdt yn ûndersoarten.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske swarte túfearn wurdt yn bosklânskippen, plantaazjes en oan boskrânen oantroffen, foaral tichtby wetter. Ek wurdt er faak sjoen wylst er op in opfallend plak yn in deade beam of op in tillefoanpeal sit. It iten bestiet foar it grutste part út lytse kjifdieren en spitsmûzen; yn súdlik Afrika foaral poelrotten (Otomys). De fûgel leit de aaien meastentiids yn 'e reintiid, mar kin letter yn datselde jier nochris mei súkses briede.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Afrikaanske swarte túfearn
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
