Afrikaanske stikelsturt
Afrikaanske stikelsturt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Oxyura maccoa | ||||||||||||
Eyton, 1838 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Afrikaanske stikelsturt (Oxyura maccoa) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e seis soarten fan it skaai stikelsturten (Oxyura).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt 46 oant 51 sm grut en de jerk hat in swarte kop en in swarte nekke en kiel. De snaffel is ljochtblau. Fierder is it bealchje kastanjebrún en is de sturt swart. It sijke is foar it grutste part brún en hat in feale kiel en wangstreek ûnder it each.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn it easten en suden fan Afrika foar, mar it ferspriedingsgebiet wurdt yn heech tempo lytser. Tusken 2002 en 2018 is de populaasje fan it suden fan Afrika mei 52% ôfnommen. De populaasje yn it easten fan Afrika is yn itselde tiidrek mei 99% ôfnommen.
Neffens BirdLife International bestie de eastlike populaasje yn 2016 út minder as 300 fûgels. Wetlands International rûsde yn 2021 it oantal fûgels yn it suden noch op likernôch 7.000-8.250, wêrfan't de measte fûgels yn Súd-Afrika libje. Yn Simbabwe is de fûgel seldsum (2017).
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Súd-Afrika briedt de fûgel fan july oant april, mar fral yn 'e wiete tiid fan septimber oant novimber. Noardliker briede de fûgels ôfhinklik fan 'e reintiid. Afrikaanske stikelsturten binne omnifoaren en ite njonken planten ek wringeleaze dierkes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan East-Afrika rint al in hiel skoft tebek en oant noch net sa lang lyn waard oannommen dat de ôfname kompinsearre waard troch in taname fan 'e Súdafrikaanske populaasje. It hat lykwols bliken dien dat ek dêr de populaasje tebek rinte en dêrom is de status op 'e nij fêststeld. De reden fan 'e ôfname is net hielendal wis, mar hat nei alle gedachten fral te meitsjen mei fersmoarging, it omsetten fan wiete gebieten yn boulân en it brûken fan wetter út wiete gebieten foar yrrigaasje.
De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as bedrige op 'e Reade list.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Birdlife, oproppen 2 febrewaris 2025.
- IUCN, oproppen 2 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 2 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 2 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Stikelsturt
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda