Springe nei ynhâld

Afrikaanske reuze-iisfûgel

Ut Wikipedy
Afrikaanske reuze-iisfûgel

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai reuze-iisfûgels (Megaceryle)
soarte
Megaceryle maxima
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Afrikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle maxima) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De Afrikaanske reuze-iisfûgel wurdt 42 oant 46 sm lang en weaget 255 oant 426 gram. Mantsjes binne trochstrings swierder as wyfkes. De fûgels ha grutte donkergrize oant swarte snaffels. De fearren binne boppe donkergriis mei wite pjukkels. It mantsje hat in kastanjeread boarst en in wite búk mei donkere pjukkels en donkere bannen oan 'e flanken. By it wyfke is dat oarsom: sy hat in wyt boarst mei donkere pjukkels en in kastanjereade búk.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

Yn it oergongsgebiet komme mingfoarmen fan 'e ûndersoarten foar. De soarte komt yn meardere types lânskip foar as der mar wetter is, dus rivieren troch bosken of savanne's, langunes oan seekusten en riviermûningen, mar ek by dobben, foar in part opdrûge rivieren, yrrigaasjewurken en fivers. De fûgel komt oant in hichte fan 2300 m foar.

Folwoeksen fûgels ite krabben, fisken en kikkerts, dy't se dûkend fanôf in tûke boppe it wetter fange.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet, sadat de kâns op útstjerren lyts is. Alhoewol't der gjin rûzings binne fan 'e oantallen, wurdt der oannommen dat de soarte yn oantal tebekrint, mar net sa hurd dat de efterútgong boppe de 30% yn tsien jier útkomt. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op nl:Afrikaanse reuzenijsvogel