Springe nei ynhâld

Afrikaanske poarperhin

Ut Wikipedy
Afrikaanske poarperhin
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljeralfûgels (Rallidae)
skaaipoarperhinnen (Porphyrio)
soarte
Porphyrio alleni
Thomson, 1842
IUCN-status: net bedrige

It Afrikaanske poarperhin (Porphyrio alleni) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).

De soarte hat in pearsblauwe kop en ûnderkant en is mei in griene rêch en in blau skyld boppe de reade snaffel it meast te ferlikenjen mei de Amerikaanske poarperhin. De Afrikaanske poarperhin is lykwols dúdlik lytser en wurdt mar 22 oant 25 sintimeter lang. Ek ûntbrekt by de Afrikaanske poarperhin de giele punt op 'e snaffel en hat de fûgel donkere middelste sturtfearren, sadat de wite efterkant yn twaën ferdield is (dat by de Amerikaanske poarperhin effen wyt is).

Eartiids waard de Afrikaanske poarperhin mei de Amerikaanske poarperhin en de azuerpoarperhin yn it aparte skaai Porphyrula yndield. De fûgel is no opnommen yn it fûgelskaai Porphyrio. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferieling yn ûndersoarten is.

De fûgel komt yn Afrika besuden de Sahara en ek op Madagaskar en de Komoaren foar. It ferspriedings gebiet is grut en de soarte is ferskillende kearen yn Europa as swalker waarnommen. De Afrikaanske poarperhin is ek oantroffen op isolearre eilannen lykas Sint-Helena, Mauritsius en Súd-Georgje.

De Afrikaanske poarperhin libbet yn tichte en wiete sompen, dêr't er lestich te sjen is. Hy bout in driuwend nêst, dêr't er twa oant fiif aaien yn leit. Syn wichtichste dieet bestiet út ynsekten en wetterdieren lykas wjirms, weakdieren, lytse fisken en skulpdieren. Hy yt ek blommen, sied fan reid, gers, plantedielen en fruchten fan 'e toarnbosk Drepanocarpus lunatus.

De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasjetrend is net bekend (2025)

Boarnen, noaten en/as referinsjes: