Brilpinguïn
| brilpinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Spheniscus demersus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedend |
De brilpinguïn (Spheniscus demersus), soms ek wol de Afrikaanske pinguïn neamd, is in pinguïn yn 'e famylje brilpinguïns (Spheniscidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus as Diomedea demersa publisearre. De namme demersa betsjut 'fersonken'. It is de iennige pinguïn dy't yn Afrika briedt; de soarte wurdt oan 'e kusten fan Súd-Afrika en Namybje.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De brilpinguïn wurdt 60 oant 70 sm lang. De fûgel hat in swarte rêch en flanken en in wite búk mei swarte stippen. Oer de búk rint in swarte, hoefizerfoarmige bân fan 'e flanken oant de basis fan 'e kiel. Meastentiids is it ien bân, mar by guon is de bân dûbel. De wjukken binne swart oan 'e boppekant. De kop hat ek in swartwite tekening; it gesicht is swart. Opfallend is it bleate, rôze plak dat fan boppe de eagen nei de snaffel rint. Dêrom krige de soarte yn it Afrikaansk de namme brilpikkewyn. Pikkewijn is Aldnederlânsk foar pinguïn. Fan it bleate plak rint in grutte wite streek as in wynbrau oer de eagen by de kop lâns nei de wite kiel. De snaffel fan 'e brilpinguïn is sterk en griisswart. De poaten binne swart.
Jonge bisten binne dof griisbrún. De búk is wyt, mar de wite wynbrau is ôfwêzich. Jonge fûgels meitsje in systerjend lûd by gefaar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soart komt oan 'e kust fan Súd-Afrika en Namybje foar. Dêr soarget de Benguelastream foar de oanfier fan genôch fretten. Swalkers komme oant it suden fan Angoala foar en eastlik oant Natal en Súd-Mozambyk. De soarte is de iennig noch besteande pinguïnsoarte dy't oan 'e Afrikaanske kust briedt. Der binne wol prehistoaryske soarten dy't yn Afrika foarkamen. De measte koloanjes lizze op eilannen foar de kust, mar der binne ek in pear plakken op it fêstelân.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brilpinguïn kin tige goed swimme en hellet ûnder wetter snelheden fan 20 km/oere. It iten bestiet út lytse fiskjes lykas sardines, ansjofisk, lytse kreeften en inketfisk. Se foerazjearje benammen oerdeis op see, faak yn groepkes. It sykjen nei iten fynt meastentiids binnen 15 km fan 'e kust plak, selden fierder as 100 km út de kust. De pinguïns bliuwe oan it oerflak, mar dûke geregeldwei harren kop ûnder wetter om nei proai te sykjen. As der in proai sjoen wurdt, dûkt de hiele groep.

It is in sosjale fûgel, dy't yn grutte koloanjes rêst en briedt. Alhoewol't de soarte it hiele jier troch briede kin, fynt dat meast plak yn 'e súdlike simmer. De [balts]] begjint yn novimber en desimber meast by it skimerjen; it mantsje hâldt dan syn kop heech en stjit in minút lang in hieltyd lûdere, baltende rop út, syn wjukken horizontaal útspraat. Hy tilt it boarst op nei it wyfke fan syn kar. As ien mantsje begjint, folgje oare pinguïns faak.
It nêst wurdt groeven yn sângrûn of ûnder strûken of rotsen. Ek besteande hoalen wurde brûkt. By minsklike delsettings kin er ek briede ûnder bouwurken. In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien en de âlden briede om bar de aaien út. Nei 38 dagen komme de aaien út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oantallen fan 'e brilpinguïn binne de lêste desennia dramatysk ôfnommen. Tusken 1979 (69.000 fûgels) en 2009 (25.000 fûgels) wie de delgong goed 60%. Dy delgong gie troch en yn 2023 wiene der noch mar 8.000 briedpearkes. In stúdzje fan in ynternasjonaal ûndersikersteam wiisde yn 2025 út dat in grut part fan 'e Súd-Afrikaanske pinguïns yn acht jier tiid troch ferhongering omkaam. Fan twa bekende koloanjes wie tusken 2004 en 2011 likernôch 95% stoarn, nei alle gedachten troch de foarse ôfname fan sardines as gefolch fan it fiskjen en de temperatuer fan it wetter. Pinguïns moatte genôch fet opslaan om de tiid fan it ferfearjen te oerbrêgjen. As de fetfoarried net genôch is ferhongerje se. Súd-Afrika hat yntusken de fiskerij by koloanjes ferbean.[1]
De soarte stiet dêrom sûnt 2024 as krityk op 'e Reade list fan 'e IUCN. Der bestiet in fokprogramma fan 'e soarte, dat foar Europa troch Artis koördinearre wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
