Springe nei ynhâld

Afrikaanske jakana

Ut Wikipedy
Afrikaanske jakana
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljejakanafûgels (Jacanidae)
skaaiAfrikaanske jakana's (Actophilornis)
soarte
Actophilornis africanus
Gmelin, 1789
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

grien: ferspriedingsgebiet

De Afrikaanske jakana (Actophilornis africanus) is in fûgel út 'e famylje jakanafûgels. De fûgel dielt it skaai Actophilornis mei de Madagaskarjakana.

Pykje.

De fûgel mjit 23 oant 31 sm yn lingte. Lykas by oare jakana's is it wyfke trochstrings grutter as it mantsje. Mei de likernôch like grutte Madagaskarjakana is it de swierste jakanafûgel fan 'e famylje. It fearrekleed is kastanjebrún mei in gieleftige boarstbân, in wite kiel en wite wangen, in swarte kroan, swarte nekke, swarte eachstreep en swarte wjukpunten. De snaffel en foarholleskyld binne ljochtblau. De poaten binne mear griisblau.

De soarte wurdt op marren, fivers en wiete gebieten yn Afrika ûnder de Sahara oantroffen. Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat de fûgel net yn ûndersoarten ferdield wurdt. Genetysk is er it meast besibbe oan 'e twa oare Afrikaanske jakanafûgels, de Madagaskarjakana en de dwerchjakana, mar ek oan de brûnswjukjakana en de Australyske jakana.

Yn gebieten mei permaninte wiete lannen kinne de fûgels it hiele jier troch briede. Yn gebieten sûnder permaninte wiete lannen briede de fûgels lykwols allinich by de seizoensfloeden dy't folgje op it reinseizoen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien.

De Afrikaanske jassana is polyandrysk, wat betsjut dat mantsjes de aaien útbriede en fersoargje, wylst wyfkes nei it pearjen mei in earste mantsje mei oare mantsjes pearje kinne. It wyfke leit fjouwer aaien yn in ienfâldich nêst, boud tusken driuwende fegetaasje yn ûndjip wetter of op in lyts flot fan planten yn wat djipper wetter. De aaien binne brún en ha swarte markearrings. It mantsje kin de jongen oppakke en ûnder syn wjukken drage.

It dieet fan 'e fûgels bestiet benammen út ferskate lytse bisten, lykas ynsekten, wjirms, spinnen, kreeften en weakdieren dy't se yn 'e wiete gebieten fine, mar soms kin er ek sied of woartels ite.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't nei alle gedachten stabyl is. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 667.000 folwoeksen fûgels rûsd (2023)

Boarnen, noaten en/as referinsjes: