Afrikaanske haukearn
| Afrikaanske haukearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aquila spilogaster | ||||||||||||
| Bonaparte, 1850 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Afrikaanske haukearn (Aquila spilogaster) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is in middelgrutte earn dy't nau besibbe is oan 'e haukearn (Aquila fasciata) fan it Middellânske Seegebiet.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn ferliking mei oare earnen is de Afrikaanske haukearn frij lyts, mei in lingte fan 55 oant 65 sm en in wjukspanne fan 130 oant 160 sm. Dêrmei is er trochstrings sa'n 8 sm langer as de yn Europa bekende mûzebiter. Der is in dúdlik ferskil yn gewicht tusken de geslachten: mantsjes weagje 1,2 oant 1,3 kg, wylst de wyfkes mei 1,9 oant 2,0 kg in stik swierder binne.
It fearrekleed feroaret yn 'e earste jierren. It earste jier is de rêch brún fan kleur. De tekening op it boarst docht tinken oan dy fan in jonge Jeropeeske hauk, mar feroaret yn it twadde jier nei swartbrún. As folwoeksen fûgel kriget de Afrikaanske haukearn it karakteristike flechtbyld. De slachpinnen binne foar it grutste part wyt mei swarte úteinen, wylst de earmpinnen wyt-swart streke binne mei in swart ein. De grutte dekfearren oan 'e ûnderkant fan 'e wjuk binne krèm- oant wytkleurich. De sturt is foar it grutste part ljochtgriis mei in brede donkere einbân.
Taksonomy en fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze earn komt foar yn iepen bosken en op 'e savannes fan Afrika besuden de Sahara. Der wurde gjin ûndersoarten erkend (monotypysk).
Yn it ferline waard de soarte yn it skaai dwerchearnen Hieraaetus set, mar nei genetysk ûndersyk is de fûgel oerbrocht nei it skaai Aquila. In tiidlang waard tocht dat it in ûndersoarte wie fan 'e gewoane haukearn, mar hjoed-de-dei wurdt er as in folslein aparte soarte sjoen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Afrikaanske haukearn jaget fral op fûgels lykas pearelhinnen (Numididae) en patriisfrankolinen (Pternistis). Dêrnjonken fangt er ek lytse sûchdieren lykas hazzen of jonge antilopes. Somtiden jaget er sels op oare rôffûgels. De soarte jaget ek as pear, wat relatyf seldsum is by earnen.
De fûgel hâldt fan iepen savannes mei genôch grutte beammen om nêsten yn te bouwen. Hy makket in grut nêst fan tûken, meastentiids heech yn in grutte beam. Se binne tige territoriaal en bliuwe it hiele jier troch yn itselde gebiet as der genôch iten is.
In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it totale oantal fûgels nei alle gedachten wat ôfnimt, hat de soarte in tige grut ferspriedingsgebiet. De tebekgong is net grut genôch om de fûgel as bedrige te klassifisearjen. De IUCN klassifisearret de Afrikaanske haukearn dêrom as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Echte earn
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
